Poppoadium sichtber op bousketten

desimber 15, 2014 16:17

80 studinten fan D’Drive fan it Friesland College, skoalle foar Kreative Yndustry en Pedagogysk Wurk, nimme tiisdei 16 desimber it sket om it bouplak fan it Harmonykertier ûnder hannen. Mei de street-art op it sket sette de studinten in earste sichtbere stap nei it kreative broeinêst dat it nije Poppoadium foar Ljouwert wurdt. Sa folgje der mear yn it bouproses, dat – as alles flot ferrint – oan de ein fan de simmer ôfrûne is.

De studinten fan de opliedings Design, Ambacht & Moade, Artyst en Produksje & Events retten de ôfrûne wiken de skilderingen ta. It poppoadium wol perfoarst yn ferbining mei de stêd stean en fan positive betsjutting wêze foar de stêd en syn ynwenners. Dêrom gienen de studinten foar it ûntwerp mei de omjouwing yn petear. De útkomsten fan dy dialooch komme tiisdei ta libben op it sket fan it bouplak. Keunstner Hugo Engwerda (Hugomatic) en dosinten fan D’Drive begeliede de studinten.

Boudrokte

Efter it bousket wurde de omkanten fan it gebou foar it takomstich poppoadium stadichoan sichtber. Oan de ein fan dit jier ta arbeidet de oannimmer oan de fûndearring en oant ein jannewaris oan it stoarten fan de flierren. Dêrnei set de oannimmer de muorren fan de grutte sealen oerein. Dat binne grutte prefab (foarfabrisearre) eleminten dy’t troch de toerkraan op it goeie plak set wurde. Boppedat wurdt de boarne foar de Waarmte Kjeld Opslach (WKO) wurdt de kommende wiken oanlein. De boarne fan sa’n 90 meter djip is al boarre. In WKO is in metoade om enerzjy op te slaan yn ‘e boaiem. Dan kinne jo de waarmte of kjeld oppompe. Dat is in duorsume wize om in gebou te ferwaarmjen of te kuoljen.

Thúsbasis foar stêd en omkriten

It poppoadium wurdt de thúsbasis foar alles wat mei pop- en jongereinkultuer te meitsjen hat. In kultureel hert fan Ljouwert dêr’t horeka, keunst, kultuer en ^underwiis gearkomme. It poppoadium jout ynfolling oan de Ljouwerter popkultuer. De oplieding foar poadiumkeunsten fan ‘t Friesland College (D’ Drive) is part fan it poppoadium. Tegearre geane se in unike en yntinsive gearwurking oan.

It skilderjen fan de sketten op tiisdei 16 desimber duorret fan 10:00 oant 16:00 oere. Om 15:00 oere jouwe studinten, de begeliedende dosinten, direkteur D’Drive Anneke Holwerda en keunstner Hugo Engwerda in taljochting op it wurk.

desimber 15, 2014 16:17
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Stephan desimber 15, 16:23

    “…dat it nije Poppoadium foar Ljouwert giet wurde…”

    Bytsje einredaksje, graach! 😉

  2. Stephan desimber 15, 16:27

    Pedagogysch…

    Oant ‘t ein fan dit jier…

    fan 10:00 oant 16:00 oere…

    Ik wol net sanikje ofsa…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.