Piip-show yn it Natoermuseum

desimber 10, 2014 14:10

Rotten en mûzen, hoe mear jo je yn harren ferdjippe hoe nijsgjirriger se blike te wêzen. Heechste tiid foar in útstalling mei in haadrol foar rotten en mûzen. Fan 13 desimber oant en mei 26 april is De Piip-show te sjen yn ‘t Natoermuseum Fryslân, in eksposysje oer it hoe en wat fan mûs en rôt.

Rotten en mûzen waarden al ieuwenlang bestriden om’t se ús iten oantaaste en sykten oerbringe. Sa hat Europa yn de Midsieuwen in tal kearen te meitsjen hân mei de Pest, in epidemy dy’t miljoenen slachtoffers makke hat. Pas oan de ein fan de 19e ieu kaam men der efter: de pestbakteary waard oerbrocht troch de rotteflie. Der wie suver hast neat oan te dwaan, de ienichste remeedzje wie om de pasjinten te isolearjen yn saneamde pesthuzen. Ek yn Ljouwert waard yn 1611 in pesthûs boud. Troch it ôfnimmen fan epidemyen waard dit lykwols nea as sadanich brûkt. Yn 1675 waard it ferboud ta ‘t nije Stedsweeshûs, wêr’t no al wer rom 25 jier it Natoermuseum is fêstige!

Der binne troch de jierren hinne ferskate oplossings betocht om dizze bisten der ûnder te hâlden. It museum hat in grutte kolleksje mûze- en rottefallen en dêr sitte hiele bysûndere eksimplaren by: fan ienfâldige klapfaltsjes oant yngenieuze ynstallaasjes. Ek wurdt der fakentiden gif ynset, mar meastal sûnder fertuten. Fral swarte rotten binne slim en hawwe faaks gau yn ‘e smizen hokker plakken se better mije kinne.

Mûzen en rotten tsjinje wol gauris as itensboarne, net allinnich foar in soad bisten mar ek foar minsken. Sa stiet yn Vietnam wol gauris bakte rôt op ‘t menu en ek yn parten fan India is de rôt in delikatesse. By guon religys en kultueren spylje se in grutte rol. Yn India is sels in timpel ynrjochte foar rotten.

Mûzen en rotten binne ek nuttige bisten. Sa ite mûzen yn hûs it krûpguod op en helpe dêrmei ú hûs skjin te hâlden. Mûzen en rotten spylje fierders in wichtige rol yn ‘e genêskunde yn ‘e rol fan proefdier. Yn 2012 wie 23% fan ‘e proefdieren rôt en 50% mûs. Tsjintwurdich is de keunstrôt yn opkomst, in PVC rôt wêrop’t oankommende sjirurchen harren feardigens oefenje en hiel lytse neimakkebloedfetsjes wer oan inoar hechtsje.

Fral de rôt is in intelligint bist dat, wannear’t hy as húsdier wurdt holden, wiere sirkuskeunsten opfiere kin. Ek kinne rotten wurde traind om bygelyks minen of drugs op te sykjen. Sa set de plysje snuffelrotten yn by ‘t sykjen nei kriminelen. Nijsgjirrige bisten dus, dy’t it wurdich binne om ris museaal omtinken te jaan.

De Piipshow, it hoe en wat oer mûs en rôt is te sjen fan 13 desimber 2014 oant en mei 26 april 2015.

desimber 10, 2014 14:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.