Peaskelietpriisfraach

desimber 28, 2014 08:30 Fernijd

Al twa kear earder kende de Stifting Krúspunt de ‘Bernard Smilde priis’*) ta. Yn 2013 foar in nij orizjineel-Frysk pinksterliet; wûn troch Margryt Poortstra en yn 2014 foar in krystliet; wûn troch Jacobus Knol mei in oersetting út it Hollânsk.

De priis bestiet út  € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. It giet neidruklik om in liet foar mienskip, mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien. De fierdere betingsten steane hjirûnder neamd en binne ek  te finen op it webstee fan Krúspunt.

Ynstjoerings (foar 15 febrewaris 2015) en mear ynfo:

Stifting Krúspunt – Piet Miedema, Berkenburg 7, 8702 BD  Boalsert – 0515-574096

adm@kruspunt.nl / www.kruspunt.nl

De priiswinner wurdt bekend makke op ’e Krúspuntdei fan 21 maart 2015 yn Akkrum

*) Dizze priis is neamd nei de ein augusus 2014 ferstoarne bekinde en produktive komponist Bernard Smilde, oersetter, tekstdichter en redakteur fan it Fryske tsjerkeliet yn twadde helte fan de 20e ieu.

Betinken foarôf

De Stifting Krúspunt is fan betinken, dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn libben gebrûk binne. Der is in protte materiaal yn bondels beskikber, mar de measte fan dy bondels binne yn breder fermidden ûntstien, en ús docht bliken dat net alle lieten yn bygelyks it Lieteboek foar de Tsjerken oanslute yn Fryslân, ek net as se yn it Frysk oerset binne.

Dêrom wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje, dat de minsken dy’t de tsjerken (of oare geloofsmienskippen) drage sels mei moaie lieten komme. Op termyn kin sa in nije skat fan lieten fan ’e mienskip ûntstean.

Reglemint

As jo de tekst skriuwe foar in nij Frysktalich peaskeliet, of as jo in besteand liet út in oare taal oersette yn it Frysk, meitsje jo kâns op de priis fan € 250, de komposysje fan in wize of in setting, en publikaasje fan jo liet fia Krúspunt. De ynstjoering moat by Krúspunt wêze op uterlik 15 febrewaris 2015.

It liet hoecht net oarspronklik yn it Frysk skreaun te wêzen, mar mei ek nij oerset wêze. In liet yn ien fan de oare memmetalen yn Fryslân mei ek ynstjoerd wurde, as der mar al in Fryske oersetting by is.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.

It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht  net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.

Lieten dy’t op hokker wize ek al yn in Fryske oersetting publisearre binne of brûkt wurde, kinne net ynstjoerd wurde.

By it brûken fan besteand materiaal (itsij wizen, itsij in tekst dy’t oerset is) moat de komponist of skriuwer neamd wurde, mei it plak dêr’t dit orizjineel publisearre is.

De ynstjoerder jout troch yn te stjoeren tastimming, dat syn of har liet publisearre wurdt op de webside fan Krúspunt, mei fermelding fan alle auteursgegevens.

De ynstjoerings sille hifke wurde troch in saakkundige sjuery dy’t alle jierren beneamd wurde troch it bestjoer fan Krúspunt, en dy’t dit jier bestiet út Olchert Clevering (musikus), Alex Riemersma (letterkundige) en Edna Zwerver (téolooch). De sjuery kiest selsstannich in winner. Yn prinsipe wurdt alle jierren ien sjuerylid nij beneamd, en kinne sjueryleden trije jier efterinoar meidwaan. Leden fan de sjuery en guon dy’t yn de organisaasje behelle binne, binne útsletten as priiswinner.

Praktysk

It bestjoer fan Krúspunt skriuwt alle jierren op ’en nij de priisfraach út en regelet dêrby alle praktyske saken dy’t mei de publisiteit, de ynstruksje fan de sjuery, it sammeljen fan ’e ynstjoerings, it kontakt mei de priiswinder en it útrikken fan de priis te krijen hawwe. It bestjoer hat it frij, om alle jierren spesifike betingsten oan de ynstjoerings te stellen.

desimber 28, 2014 08:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.