Minder stress? Minder faak e-mail lêze!

desimber 16, 2014 10:10

Jachterich? Wurch? Lêst fan krupsjes? Faaks binne jo oanhelle mei e-mailstress. Wa’t syn mailbox net sa faak ynsjocht, fielt him dêr ornaris al gau in stik better troch. Dat docht bliken út Kanadeesk ûndersyk.

In groep ûndersikers ûnder lieding fan psycholooch Kostadin Kushlev fan de universiteit fan Britsk Columbia hat besjoen hoe’t in groep fan 124 proefpersoanen reagearre op in oare omgong mei de e-mail. Der diene 124 proefpersoanen mei oan it ûndersyk. In part fan harren krige de yndruk om like faak mail te lêzen as oars, wylst de rest de ynstruksje krige om net mear as trije kear deis de mailbox te iepenjen. Dêrnei waarden de ynstruksjes foar de twa groepen omdraaid. Ut fragen dy’t de proefpersoanen beänderen die bliken dat de groep dy’t minder mail lies minder lêst fan stress krige.

“De measte proefpersoanen fûnen it tige dreech om mar in pear kear deis op ‘e mail te sjen”, seit Kushlev. “Dat makket ús ûntdekking, dy’t efterôf sa logysk liket, sa nijsgjirrich: minsken fine it dreech om de ferlieding fan it maillêzen te wjerstean, mar dochs soarget it wjerstean fan dy ferlieding foar minder stress.”

Kushlev kaam op it idee foar it ûndersyk troch syn eigen mailûnderfinings. Hy seit: “Ik sjoch no mar in pear kear deis op ‘e mail ynstee fan fuortendaalk op elk ynkommend mailtsje te reagearjen.” De psycholooch wiist derop dat wurkjouwers der goed oan dogge om wurknimmers te advisearjen net faker as in pear kear deis harren mailbox te iepenjen.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Computers in Human Behavior. Klik hjir foar in gearfetting.

desimber 16, 2014 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.