Ljouwert: Innovating City

desimber 11, 2014 17:17

Mei yngong fan 17 desimber 2014 mei Ljouwert em UN Innovating City neame. De Fryske haadstêd is dêrmei ien fan de 18 steden wrâldwiid mei dizze titel. Dizze steden binne part fan ‘t UN Global Compact Cities Programme (UNGCCP). Ljouwert is de twadde stêd dy’t dizze erkenning fan de Feriene Naasjes krijt foar wettertechnology.

Gemeente Ljouwert is grutsk op dizze ynternasjonale erkenning foar de Fryske wettertechnologysektor. Nederlân ûntwikkelt em hieltyd mear ta de Europeeske Wettertechnology Hub, mei WaterCampus Ljouwert as fysike kearn.

Op 17 desimber 2014 krijt Ljouwert offisjeel de titel Innovating City. Hjirby binne ûnder oaren Roy Torkelson (lid fan de United Nations Secretary-Generals Advisory Board on Water & Sanitation), Helen Scott (Research Coordinator Global Compact Cities Programme) en Dean Amhaus (Director Global Water Center, Milwaukee) oanwêzich. De plechtichheid sil plakfine yn de Johannes de Dopertsjerke, Agora 4 yn Ljouwert tusken 13.00 en 17.00 oere

Oplossings foar wrâldwide wetterproblematyk

Yn Fryslân, Nederlân en Europa arbeidzje wy al langer mei inoar om in bydrage te leverjen oan de wrâldwide wetterproblematyk. Koartlyn hawwe de Wereldbank en Nederlân ôfspraken makke oer de oanpak fan dit probleem. Hjiroan kin WaterCampus Ljouwert in bydrage leverje. De Friyske wettertechnologysektor betinkt ynnovative oplossings. Fia it UNGCCP giet de wettertechnologysektor no ek wrâldwiid gearwurkje.

WaterCampus Ljouwert

WaterCampus Ljouwerrt (WCL) is in unyk plak yn Europa. Dit is it fysike knooppunt fan de Nederlânske wettertechnologysektor. Undersyk, ûnderwiis, ynnovaasje en iverigens komme hjir by inoar. WCL wol in moetingsplak wêze foar wittenskippers en bedriuwen út hiel Europa. Op WaterCampus Ljouwert hawwe bedriuwen tagong ta unike kennis, heechweardige ûndersyksfasiliteiten en top kwalifisearre personiel. Watercampus Ljouwert is ferbûn oan seis unike demosites yn de provinsje Fryslân.

desimber 11, 2014 17:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.