Lishoarnen út Livorno?

desimber 3, 2014 12:49

TAALBAAS - lytsGuon wurden binne sa ferbastere dat je de oarspronklike wurden net mear weromkenne: Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden lyskes binne apels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).

desimber 3, 2014 12:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.