Grutte poëzijmaraton Ensafh

desimber 21, 2014 13:11

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 30 jannewaris 2015 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:

– Dichters kinne twa gedichten foarlêze .

– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.

– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.

De dichters en foarlêzers krije allegear as presint in moai oantinken en, omdat foarlêzen toarstich makket ien konsumpsje fergees.

Muzyk fan Utpunkt NS

Wêr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits

Wannear? Op 30-01-2015

Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere

Yntree fergees

 

Klik hjir foar de lokaasje fan café Vellinga yn Snits

Klik hjir foar de side fan Literêr Tydskrift ensafh

Klik hjir foar de side fan de Poëzieweek

desimber 21, 2014 13:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.