Gemeente: gjin asylsikers yn Riis

desimber 13, 2014 00:05

Yn Riis wurde gjin asylsikers opheind. Dat hawwe de gemeenterie en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren freedtejûn besluten. De gemeente hâldt gjin rekken mei de ôfspraken dy’t it opheinorgaan COA mei de eigner fan it oanwiisde terrein yn Riis makke hat.

Yn Riis wie grutte ûnrêst ûntstien, doe’t buorkundich waard dat der fiifhûndert asylsikers nei it doarp ta komme soene. Yn Riis binne gjin winkels of ferdivedaasje en it doarp wie benaud foar ûnrêst en omdoarmjende frjemdelingen op ‘e dyk. Foar op syn heechst fyftich flechtelingen woe Riis wol opfang jaan.Riis hat goed 160 ynwenners.

De Fryske Marren is wol ree om flechtelingen op te heinen, mar dan yn ien fan de grutte plakken yn de gemeente, bygelyks yn Balk, op ‘e Jouwer of op ‘e Lemmer.

Yn it Drintske Oranje die him koartby in soartgelikense situaasje foar. It doarp mei 140 ynwenners soe ek in grut tal asylsikers binnen de grinzen krije. Steatssekretaris fan feiligens en justysje Fred Teeven gie mei de bewenners yn petear. De gemeente besjocht no oft it tal asyslsikers yn Oranje ek omleech kin.

desimber 13, 2014 00:05
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Cor Jousma desimber 13, 11:39

    Kin de redaksje net in wat minder stigmatisearjend plaatsje sykje?

  2. Erwin2.0 desimber 13, 13:42

    Wêrom stigmatisearjend? Begjint dy ûnsin hjir no ek al? Moatte de minsken by elk plaatsje en elke ferwizing nei bûtenlanners har teannen mar ôfhakje? Dêr giet it no wol hinne, want wy meie fan in Turk net sizze dat it in Turk is en ien mei in swarte hûdskleur meist ek al gjin neger mear neame. No is de folgjende stap gewoane plaatsjes op websiden fuorthelje, wylst it gewoan in plaatsje is fan in man mei in mûtse op syn holle. Dy man fynt it net slim, de skriuwer fan dit stik fynt it net slim, ik as lêzer fyn it prima en dat sil foar de measte minsken sa wêze. Mar no binne der bepaalde blanke kopkes dy’t de meast frjemde dingen betinke. SY binne dyjingen dy’t sokke minsken fertocht meitsje. De man op ‘e foto, It Nijs, en ik as lêzer kinne yn harmony mei elkoar. De minsken dy’t hjir al fan sizze dat it stigmatisearjend is binne yn myn optyk dyjingen dy’t de dingen út harren ferbân helje en foar konflikten soargje dy’t der eartiids net wienen.

  3. Rob desimber 13, 13:48

    @Cor Joustra: Wêrom soe dizze foto stimatisearjend wêze? Yn ASS sitte gewoan net folle blonde Yslanners mei blaue eachen. Ek gjin Noaren, Finnen, ensfh. As it immen út in Arabysk lân west hie soe it wer as anti-islamitysk sjoen wurde kinne.

  4. Fere Suppe desimber 13, 14:33

    It draget by oan in iensidige bildfoarming miskien? Yn it nederlanske foutbal team siite bygeliks ek net folle minsken mei blaue eagen?
    Soe it in ferskil utmakke moatte?

  5. Rob desimber 14, 12:21

    Fansels moat soks gjin ferskil útmeitsje. Dochs ferwachtsje ik by in artikel oer houwliksproblemen ek in foto fan in man en in frou. Dermei wol ik dat net sizze dat myn bield fan it houwlik dat fan in man en frou is, mar de kans is gewoan it grutst. Minsken moatte ek leare ynkassearje. Oars wurdt it aanst noch dreech in normaal petear te hawwen.

  6. Fere Supe desimber 14, 17:42

    No, dat ferwacht ik net. Miskien in foto fan in swarte man en in wyte man?

  7. Rob desimber 14, 23:30

    Soe in foto fan allinich in blanke man dan eins ek stigmatisearjend wêze? En wêrom gjin frou? Sa bliuwst fansels dwaande. Minsken kinne neat mear fan inoar hawwe. As ien oare wurden brûkt as in oar wurdt der gauris al net mear harke nei wat der eins sein wurdt. Wat ik al hielendal net begryp is wêrom in net-blanke asylsiker eins stigmatisearjend is. Binne asylsikers dan gjin goeie minsken? Dy vyzje fyn ik eerder stigmatisearjend.

  8. Fere Supe desimber 15, 12:00

    Achte Rob, in wyte frou is nei myn mening ek tige akseptabel, hoewel ik foar in swarte in ljochte foarkar ha!

    Wat oars, freed wie der in grut unfal op de M25 in London. In wein hie twa ferborgen flechtlingen ut Sduan meinaam fan of Calais nei London. Ze wiene undere de wein boppe de tsjellen ferstoken. Nei 8 oere wie de wein ta stil stan komme by in stopljocht. Ien flechtling wolde wei en bleau trapearre tusken de tsjel. Syn lea wie brutsen. De sjauffeur ha stopt en it deade lichem in de berm smiten en doe fourt riden. De BBC spruts neat oer dit gedrach, mar oer it probleem fan Calais. Flechtlingen binne in grut probleem mar fertsjine it net sa behannele ta wurden.

  9. Dom praat desimber 16, 22:19

    De foto azemet in sfear fan bedriging. En dat komt NET om’t der in net-blanke persoan op stiet.

    Faaks ûnbewust (?) is hjir dus wol deechlik in stigma op it ûnderwerp plakt. En dat hie net hoecht want der binne hûnderten, sa net tûzenen, stockfoto’s te finen dy’t gâns neutraler west hiene.

    Sjoen in soad fan de reaksjes liket dêr lykwols gjin ferlet fan te wêzen…

  10. Rob desimber 17, 09:20

    @Fere Supe, soks soe fansels ek net meie. Ik begryp dat de term “it probleem fan Calais” brûkt wurdt (dat wurdt in Spanje brûkt by Melilla en Ceuta), mar de aksje fan’e masinist praat ik net goed. Sa ien soe ferfolge moatte wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.