Fûgels hearre balkebrekker oankommen

desimber 24, 2014 09:00

Der binne fûgels dy’t in swiere stoarm twa dagen yn it foar al fernimme. Se ferlitte har nêsten en meitsje dat se fuort komme, ek al is it midden yn ‘e briedtiid. Dat hawwe Amerikaanske wittenskippers ûntdutsen.

De wittenskippers diene harren ûntdekking dit jier by in Amerikaansk fûgeltsje dat yn it Hollânsk geelvleugelzanger en yn it Ingelsk golden-winged warbler hjit. In Fryske namme is der by ús witten net, dat wy neame it fûgeltsje yn dit stik mar efkes fan gielwjuksjonger. It fûgeltsje is nau besibbe oan de mosk. De groep wittenskippers ûnder lieding fan Henry Streby fan de universiteit fan Kalifornië yn Berkeley bestudearre in groep fan de gielwjuksjongers. Ynienen ferlieten se allegear harren nêsten. Se leine in ôfstân fan mear as 1500 kilometer ôf om yn feilich gebiet te kommen. Twa dagen letter teheistere in grouwélige balkebrekker it wengebiet fan de bistjes. Dêrby kamen 35 minsken om it libben. Doe’t de stoarm oer wie, kamen de fûgels wer werom.

Op it stuit dat de fûgels fuortgiene, wie de stoarm noch 400 oant 900 kilometer fier fuort. Der wie ek neat dat der foar minsken op wiisde dat der raar waar op kommendewei wie. De luchtdruk, temperatuer en wynsnelheid joegen gjin inkelde oanwizing. Allinne troch satelliten en meteorologyske kennis wisten minsken dat it op in stoarmjen gean soe.

Undersiker Streby wit net hoe’t de fûgels wisten dat de stoarm deroan kaam, mar hat wol in fermoeden. Hy tinkt dat de fûgels saneamd ultrasoan lûd opheinden. Dat is lûd mei in tige lege frekwinsje. Foar minsken is it net te hearren. Guon bisten kinne it lykwols al hearre. Wyn dy’t oer berchtoppen waait, hege weagen dy’t op ‘e kust slane, tornado’s en fulkanen dy’t útboarste produsearje sok lûd. It kin tûzenen kilometers fier drage.

No’t tornado’s yn Amearika hieltyd faker foarkomme, liket it warskôgingssysteem fan flechtsjende fûgels ek foar minsken fan nut, seit Streby. Hy wiist der wol op dat it flechtsjen de fûgels in soad enerzjy kostet dy’t net yn de fuortplanting stutsen wurde kin. Op lange termyn kinne de stoarmen op kosten gean fan de fûgelstân.

desimber 24, 2014 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.