Fryske stavering wurdt wizige (update)

desimber 10, 2014 20:09

LJOUWERT – De stavering fan it Frysk wurdt wizige. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besluten. De measte feroarings hawwe te krijen mei de letters v en f of mei û en oe, dy’t soms omdraaid wurde moatte. Televyzje wurdt telefyzje en ynvalide wurdt ynfalideDroech wurdt drûch en fûterje wurdt foeterje. Der wie in soad ferset tsjin de wizigings, mar alle Steatefraksjes hawwe foar de oanpassing stimd. De oanpassing wie in idee fan de Fryske Akademy. De wurden komme yn de nije stavering yn in Taalweb te stean. Dat is in programma dat teksten korrizjearje en oersette kin. It wurdt tongersdei yn restaurant De Koperen Tún yn Ljouwert presintearre.

De nije stavering giet noch net direkt yn. Deputearre Steaten sille in plan betinke foar de ynfiering. It is de bedoeling dat der begjin 2015 in list online komt dêr’t alle wurden yn de nije stavering yn steane. Dy list hjit net Grien Boekje of Standertwurdlist, mar op foarstel fan de FNP-fraksje Foarkarswurdlist. De list wurdt net ferplichte.

In pear reaksjes op de wiziging:

desimber 10, 2014 20:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. GEART desimber 11, 13:17

    Der wurdt hieltyd sein dat de feroaringen net safolle foarstelle en mar in heel lyts persintaazje fan de wurden oangiet … wêrom, freget men jin dan ôf, sa’n gesoademiter oproppe om in saak dy’t dus neat om it liif hat. Dan hie ik, as der toch gedonder komme moat, mar even better trochpakt en wat mear feroaringen ynfiierd dêr’t echt ferlet fan is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.