‘Europeeske beskaving stifte troch Friezen’
Resint ferskynd
Net de Italjanen, net de Hânze, net Spanje wie it begjin fan de moderne Europeeske beskaving, nee, dy is begûn by de Friezen en harren buorlju. Dat seit de Britske histoarikus Michael Pye. Neffens Pye is de seehannel fan de folken om ‘e Noardsee hinne yn de 8e ieu it begjin fan it moderne kapitalisme. Munten wiene al hast wer fergetten as ruilmiddel, doe’t de seefarrende Noardseefolken se wer op grutte skaal begûnen te brûken en wiidweidige hannelsferbinings oer de Noard- en Eastsee opsetten.
“Dizze kâlde grize zee yn in tsjuster tiidrek hat de moderne wrâld mooglik makke”, skriuwt Pye yn de ynlieding fan syn boek The edge of the world. De Noardseefolken hannelen al yn de 8e en 9e ieu yn wyn en klean. Friezen hiene oeral yn Europa delsettings boud. Der wennen sels Friezen yn Ingelân en Noarwegen. Hja yntrodusearren net allinne jild as ruilmiddel, mar ek bygelyks nije beroppen as boekhâlders en bankiers. Om konflikten tusken hannelspartners te besljochtsjen eksportearren hja ek harren rjochtspraak. Trochdat de manlju faak fuort wiene, wiene de froulju yn Fryslân yn ‘e mearderheid en wurken hja, wat it earste begjin wie fan de emansipaasje fan de frou.
Neffens Pye is de betide Noardseekultuer fierhinne ferlern gien troch de suksessen fan it kristendom. De kristlike beskaving brocht nije noarmen en wearden mei en de Noardseekultueren rjochten harren op it suden en apen de opkommende kultueren fan Súd-Europa nei. Dochs bliuwt neffens Pye de Noardsee in gebiet fan fernijing, bygelyks yn de lette midsieuwen mei it opkommen fan de Hânze.
Michael Pye, The edge of the world. How the North Sea made us who we are. Viking, 2014. € 28,99. Klik hjir foar mear ynformaasje.
De Friezen hawwe ek it poldermodel útfûn:
http://robtielmanblogt.blogspot.nl/2013/10/16-hans-brinker-and-finger-in-leaking.html
Dat wy de boarne wienen foar alle beskaving wisten wy dochs al lang? 😉