Europeesk Parlemint hâldt kommisje minderheidstalen

desimber 11, 2014 21:05

Der bliuwt in kommisje foar minderheidstalen en -kultueren yn it Europeesk Parlemint. De saneamde yntergroep soe ôfskaft wurde, mar it EP hat tongersdei besluten dat er yn alle gefallen oant 2019 bestean bliuwe mei.

Yntergroepen binne ynformele kommisjes fan it EP mei in beskaat ûnderwerp as binende faktor. De EP-leden yn sa’n kommisje hawwe yntinsyf kontakt mei organisaasjes en lobbyisten dy’t mei dat ûnderwerp dwaande binne. In yntergroep kin allinne mar oprjochte wurde en bestean bliuwe as er de stipe kriget fan de grutte partijen yn it EP. Boppedat moatte op syn minst trije fraksjes yn it EP leden leverje wolle.

Der binne de kommende fiif jier 28 yntergroepen. De namme fan de hjir behannele kommisje is tenei de ‘Yntergroep tradisjonele nasjonale minderheden, grûnwetlike regio’s en streektalen’. De namme wie oant no ta ‘Yntergroep foar tradisjonele minderheden, nasjonale mienskippen en talen’.

desimber 11, 2014 21:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.