Minderheden hawwe belang by diskusje

desimber 15, 2014 00:05

‘Homofoby’ wurdt it wol neamd. Dat betsjut eins ‘eangst foar homo’s’, mar wurdt meastal brûkt foar in fijannigens foar homo’s oer. Homofoby is te genêzen, sa hawwe twa Amerikaanske politikologen ûntdutsen, mar allinne as tsjinstanners mei homo’s yn kontakt komme. De twa wittenskippers tinke dat direkt kontakt mei minderheden miskien altyd wol wichtich is om de miening fan de mearderheidsgroep te oertsjûgjen fan in oar stânpunt.

Yn Fryslân is it rjocht foar homo’s om te trouwen gjin gefoelich ûnderwerp, mar yn de Feriene Steaten leit dat hiel oars. Yn dat lân rinne soms djippe kleauwen tusken foar- en tsjinstanners fan it lykslachtige houlik. Hja besykje inoar yn ‘e media te oertsjûgjen fan harren stânpunt. Michael LaCour fan de universiteit fan Kalifornië en Donald Green fan de universiteit fan Columbia woene wolris witte oft sokke debatten echt ynfloed hiene op de miening fan de dielnimmers.

Yn debat gean

De wittenskippers lieten 972 tsjinstanners fan it homohoulik 20 minuten prate mei ien persoan út in groep fan 41 foarstanners. Fan de foarstanners wie de helte sels homo, de oare helte net. It die bliken dat in grut part fan de tsjinstanners nei de petearen fan miening feroare wie, mar dat deselden dy’t mei in hetero praat hiene, letter dochs wer tsjinstanner waarden. Fan de tsjinstanners dy’t mei in homoseksuele foarstanner praat hiene, bliek nei trije wike, nei seis wike en nei njoggen moanne in grut part foarstanner wurden te wêzen. De hâlding foar homoseksuele manlju en froulju oer wie by dy groep ek op langere termyn folle positiver wurden.

De Amerikaanske sjoernalist Mark Joseph Stern, sels in fûl foarstanner fan it houlik foar elkenien, seit dat de polityk in les lûke moat út de útkomsten fan it ûndersyk. Stern: “As homofoben homoseksuelen útskelle, wurdt faak sein dat it better is om dat mar te duldzjen. Der wurdt dan sein: it komt goed, jou harren wat tiid om deroan te wennen. Mar dat is net tûk, sa docht út dit ûndersyk bliken. Homoseksuelen moatte yn debat gean mei minsken dy’t harren as twadderangsboargers beskôgje, dy’t tinke dat se smoarch of siik binne.”

Hûshâlden

De ûndersikers hawwe fierders ûntdutsen dat as ien lid fan in hûshâlden pro-homohoulik wurden wie, de kâns ridlik grut wie dat oare gesinsleden ek foarstanner waarden. De ûndersikers stelle yn algemienere wurden: it kontakt mei minderheden en it diskusjearjen oer ûnderwerpen dy’t foar harren fan belang binne soarget foar in sniebaleffekt fan bystelde mienings.

In ferslach fan it ûndersyk fan LaCour en Green is ferskynd yn it tydskrift Science. Klik hjir foar in gearfetting.

desimber 15, 2014 00:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.