Churchill en syn leafde foar de islam
Resint ferskynd
De Britske oarlochspremier Winston Churchill wie in grut bewûnderder fan de islam. Net allinne hat er yn de Twadde Wrâldoarloch al in grutte moskee yn Londen bouwe litten, hy liet sels yn him omgean om him ta it moslimleauwe te bekearen. Dat skriuwt histoarikus Warren Dockter yn it boek Winston Churchill and the Islamic World, dat begjin 2015 útkomt ta gelegenheid fan Churchill syn 50e stjerdei.
“Asjebleaft, bekear dy net ta de islam”, skreau syn snoar Gwendoline Bertie al yn 1907 oan Churchill. “Ik haw yn dyn dwaan en litten wat eastliks opmurken, in pasja-eftige oanstriid, werklik wier.” Hja warskôget de jonge Winston foar de oanlûkingskrêft fan de islam. Dy wie as Britsk militêr legere yn Yndia.
Winston Churchill hat altyd in soad nychheid hân oan de kultueren fan it Britske koloniale ryk. Hy moast neat hawwe fan respektleazichheid foar de lokale kultueren. Churchill hie faak Arabyske klean oan en hie ferskate adviseurs oer de islam, wêrûnder skriuwer T.E. Lawrence, better bekend as ‘Lawrence of Arabia’.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer Dockter syn boek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje