Alkohol minder skealik foar pubers as tocht waard

desimber 3, 2014 11:53

UTERT – Alkohol bringt gjin skea ta oan it brein fan opslûpen jeugd. Dat docht bliken út ûndersyk fan Sarai Boelema fan de Universiteit Utert. Hja hat 2230 jongelju in lang skoft folge en kaam derefter dat jonge minsken dy’t alkohol drinke net minder funksjonearje as minsken dy’t net drinke. Hja hat dêrby sjoen nei ûnthâld, ympulsûnderdrukking en konsintraasjefermogen.

“Er wordt vaak gewaarschuwd dat het puberbrein extra kwetsbaar is voor alcohol, maar daar is weinig onderzoek naar gedaan. De studies die er wel zijn, wijzen niet eenduidig dezelfde kant op”, seit frou Boelema. Hja wiist derop dat de ûndersiken dy’t der binne swiere probleemdrinkers ferlykje mei net-drinkende jongelju, wylst hja in trochsneed fan de befolking bestudearre hat.

Frou Boelema: “De cognitieve schade die dat kan opleveren, is ten onrechte veralgemeniseerd. Bovendien hebben verslaafden vaak psychische problemen. Mogelijk verklaart dat hun slechte cognitieve prestaties.” Hja seit dat der mear ûndersyk nedich is nei it effekt fan alkohol op it puberbrein en dat de ynfloeden fan alkohol dêrop subtiler lykje te wêzen as oant no ta oannaam waard. De ûndersykster hat ûntdutsen dat swier drinken in goede foarspeller is fan probleemgedrach.

In ferslach fan it ûndersyk is te finen yn it boek Alcohol use in adolescence. A longtitudinal study of its effects on cognitive functioning. Dêr hopet hja freed yn Utert op te promovearjen.

desimber 3, 2014 11:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.