Winners Noard-Fryske skriuwwedstryd bekend
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
De Fryske taal yn Dútslân hat mar in pear tûzen sprekkers. Dochs wurdt der foar it Noard-Frysk alle jierren in skriuwwedstryd organisearre: Ferteel iinjsen (‘Fertel ris’ yn it Noard-Frysk). De winners waarden sneontejûn buorkundich makke. De earste priis, in bedrach fan 500 euro, is foar Lena Grützmacher út Tönning. Hja wint de priis foar har ferhaal Diling schal en besuneren däi weese (‘Hjoed sil in bysûndere dei wêze’), dat beskriuwt wêr’t in jongfeint allegear oan tinkt as er op syn faam wachtet. De sjuery skriuwt oer it ferhaal: “De skriuwster nimt de lêzer mei yn in emosjonele achtbaan”.
De twadde priis is foar Gary Funck mei it ferhaal Plachte (‘Plichten’). Hy kriget 300 euro. De prizen 3 oant en mei 5 binne foar Rike Hessen, Gesche Roeloffs en Laura Eileen Timm. Rike Jessen krige boppedat de publykspriis. De faksjuery bestie út Antje Arfsten, Heinrich Bahnsen, Ernst Christ, Volkert Faltings, Manfred Nissen, Hark Riewert, Wendy Vanselow, Inken Völpel-Krohn en Ommo Wilts.
It hat de sjuery tige noaske dat de ynstjoerders dit jier sa jong wiene. Fan de fiif winners wiene trije ûnder de tritich. Mei-inoar hiene 46 minsken in ferhaal ynstjoerd. De prizen waarden útrikt op in feestlike jûn yn Leek/Leck ûnder lieding fan NDR-sjoernaliste Elin Rosteck en mei Noard-Fryske muzyk. De NDR hat de priisútrikking live útstjoerd. De winnende ferhalen wurde op woansdei 3 desimber fan 21.05 oere ôf foarlêzen op ‘e NDR-radio yn it programma Von Binnenland und Waterkant.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje