Tiid foar in earlik Frysk wurdboek

novimber 6, 2014 10:01

Troch Henk Wolf

Ferline jier seach ik op in Facebookgroep hoe’t in Amerikaanske taalkundige oardiele oer Fryske wurdboeken. “That is not how you make a dictionary”, sei se. Har krityk rjochte him op de normativiteit fan de wurdboeken. Simpel sein: se beskriuwe it Frysk net, mar se skriuwe regels foar.

Se hat gelyk. Ik haw in kast fol Fryske wurdboeken en allinne it oardel meter brede Wurdboek fan de Fryske Taal is in ‘earlik’ wurdboek, dat gewoanwei fertelt hokker wurden oft der yn it Frysk foarkomme en wat se betsjutte. Allinne beskriuwt dat wurdboek net de taal fan no, mar dy fan foar 1975, is it te omfangryk foar de measte brûkers en set it allinne oer fan Frysk nei Nederlânsk.

Alle oare Fryske wurdboeken binne yn mear of mindere mate bewegingswurdboeken. De makkers litte wurden fuort as se dy ‘te Hollânsk’ fine en se betinke sels oersettingen. Soks soe by Van Dale taboe wêze.

De nije foarkarswurdlist is ek sa’n bewegingsynstrumint. Dat fyn ik spitich. Ik soe no wolris in echt, earlik wurdboek ha wolle dat my simpelwei fertelt hoe’t Friezen prate en skriuwe, net hoe’t se neffens de makkers prate en skriuwe moatte soenen. Sa’n wurdboek soe my fertelle kinne dat it Nederlânske ‘pindakaas’ yn it Frysk ‘pindakaas’ hyt en dat guon puristen der ‘nútsjesmoar’ fan meitsje. It draait net spastysk om in folslein normaal wurd as ‘leuk’ hinne. It jout net inkeld hyperkorrekte purismen lykas ‘hingelmatte’ en ‘haastdebat’, mar neamt ek ‘hangmat’ en ‘spoeddebat’. It erkent dat de betsjutting fan ‘buorkerij’ útwreide is fan it boerebedriuw ta dy fan in wenhûs mei in eardere agraryske funksje. It lit ús witte dat ‘efter’, ‘earne’ en ‘nearne’ allinne yn de skriuwtaal foarkomme en dat de sprektaal ‘achter’, ‘ergens’ en ‘nergens’ brûkt. It fertelt earlik dat neist ‘sikehûs’ ek ‘sikenhûs’ heel gewoan is en dat de doetiid fan ‘stean’ ek ‘stûn’ wêze kin en it mulwurd fan ‘dwaan’ ek ‘diend’.

Wat sa’n earlik wurboek fansels wol dwaan kin, is wat wurdboeken fan oare talen ek dogge, nammentlik fertelle dat in wurd in bepaalde stilistyske konnotaasje hat, bygelyks dat it sprektalich, ynformeel of puristysk is. Dan komst der ynienen achter dat it Frysk lang net altyd in neutraal wurd hat foar in begryp. Foar it Nederlânske ‘pindakaas’ binne allinne ‘pindakaas’ en ‘nútsjesmoar’ foarhannen. It earste wurd is sprektalich, it twadde puristysk. Dat makket it dreech foar de wurdboekbrûker om in wurd te kiezen. Mar dy dregens is der no ienkear en in goed wurdboek soe it net foarkomme litte moatte as wie dat net sa.

novimber 6, 2014 10:01
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. jurjen novimber 6, 15:21

    Ik tink dat it ferskil tusken sprek- en skriuwtaal der wol dúdlik wêze moat, en dat de skriuwtaal mear brûkt wurde moat. Mear lêze en skriuwe. Dat bart by Friezen folle mear yn it Nederlânsk as yn it Frysk, en neffens my soarget dat ferskil ek foar de kleau tusken sprek- en skriuwtaal. Júst fia de suvere skriuwtaal, dy’t ek yn it Nederlânsk op guon mêden in keunstmjittige oarsprong hat, mar no as natuerlik sprutsen wurdt, kinne wy ús Frysk súver hâlde. Dan liket it my net ‘earlik’ om de (wurd)boeketaal te folle nei de ynterferearjende sprektaalpraktyk foarmje te litten.

  2. pyt novimber 6, 22:21

    Men soe by sokke ‘twillingen’ ek oanjaan kinne dat de iene sprektaal is en de oare skriuwtaal (of soks). In wurd as ‘leuk’ hat lykwols nea ta myn sprektaal heard en ‘chût’ y.p.f. ‘goed’ as sinsynlieding ek net. Ik woe mar sizze: it fariearret aardich. Lykas ek yn it Sealtersk; sjoch http://www.ekfrysk.host22.com/FormenWtb/FormenWtb.htm. Mar miskien is soks dan de natuerlike taal.

  3. Cor Jousma novimber 7, 11:28

    Bêste Henk,

    Dyn frustraasje oer de kommende feroarings yn de stavering en de list fan de Akademy kin ik my hiel goed foarstelle. As ik de arguminten fan dy en Breuker lês, dan kin ik ek in hiel ein mei jimme oprinne. Mar der sitte no ienris twa kanten oan in medalje. En by in minderheidstaal sil yn de earste perioade de kant fan de puristen gauris ynfloed hawwe.

    In pear jier lyn haw ik my ferdjipje moatten yn gebeartetalen. Nei’t de dôven yn de ’70 jierren wer de hannen brûke mochten, woene se yn alle lannen earst de eigen taal foarmjaan.

    As in purist syn kar mei goede arguminten ûnderbout en oaren wolle op grûn fan dy arguminten folgje, liket my dêr neat mis mei. Lês mar ris in stik yn ‘Der Spiegel’ oer kompjûters ensfh. Foar 60-70 persint brûke se dêr ‘Rechner’ en dêrneist it Ingelske computer.

    Allinne soene sokke purismen troch in taalburo oandroegen wurde kinne, sûnder soks yn wurdboeken op te nimmen. Dêr komme se mooglikerwize letter wolris yn te lâne.

    In Nederlânsk-Frysk wurdboek hoecht fansels gjin ‘pindakaas’ op te nimmen. Ik bin der sels ek gjin foarstanner fan. It soe folstean kinne mei de kreet ‘Geen fertaling bekend’. En dan kin immen dêr fansels wol nútsjesmoar foar betinke en wa wit kriget er de oaren ek noch mei. En folle letter lêze wy yn sa’n wurdboek pindekaas = nútsjesmoar. En dêr is neat mis mei.

  4. Henk Wolf novimber 7, 15:02

    Hoi Cor,

    Mei puristen en taalbouwers haw ik gjin muoite. In neologisme of argaïsme haw ik ek gjin muoite mei, sterker noch: ik mei der wol oer. Yn myn ferhalen boartsje ik graach mei taal en de wurdlist Nederlânsk-Frysk op myn website is foaral bedoeld om oaren sjen te litten wat der allegear foar moais yn it Frysk is.

    In taalbouwerswurdboek hat wat my oangiet dan ek bêst besteansrjocht. Mar dan moat it dêr wol earlik oer wêze. Kursisten dy’t Frysk leare, prate gauris in boekjefrysk dat helendal net bestiet, mûnling net en skriftlik amper. Dat dogge se op út wurd- en learboeken, yn de ûnderstelling dat dat no ienkear Frysk is. Dêr haw ik wol beswier tsjin.

    Wurdboeken binne net altyd bewegersynstruminten. It binne soms ek gewoan stikken ark. As ik no Grinslânsk leare wol en it wurdboek Nederlânsk-Grinslânsk rikt my by ‘pindakaas’ in nútsjesmoarachtich wurd oan, dan soe ik my al wat bekocht fiele. Ik wol simpelwei witte wat in Grinslânskprater brûkt, ek as dat itselde wurd ‘pindakaas’ is dat it Nederlânsk ek hat. Dat der ek noch purismen besteane mei in beheind gebrûk, dat mei der bêst by stean, gjin beswier, mar it wurdboek moat my net foarhâlde dat dat “it” Grinslanner wurd wêze soe foar dat stjonkende brune smyksem.

    Dat moat dy en oaren der perfoarst net fan wjerhâlde om nijfoarmingen te betinken. Dyn ‘triem’ hat úteinlik mear fans krigen as ik yn ‘e jierren 90 ferwachte hie en wa wit is der noch folle mear te winnen. Om my is it wurd yn Internetrûnten gewoan genôch wurden om it mei it label ‘purisme’ yn in wurdboek te setten, salang as ‘bestân’ der ek mar by stiet. De brûker wit dan wêr’t er oan ta is en kin kieze.

    It argumint fan “de earste perioade” hear ik faak en ik begryp it net helendal. Minsken sizze gauris dat it Frysk “earst mar ris” dit of dat (geef wurde moat, troch elkenien praat wurde moat, lestaal op skoalle wurde moat, folje de ûnrealistyske ferfolgen mar yn) foardat de frije maatskiplike krêften har wurk dwaan meie. Mar dy dogge har wurk doch wol en taalplanners ha dêr mar in bedroefd bytsje ynfloed op. Dat wie yn de echte “earste perioade” fan Fryske taalbou, de19e ieu, al sa. Yn de 20e wie dat net oars en yn de 21e oant no ta ek net. De Nederlânske dôven binne doch net opholden fan ‘praten’ oant se it iens wienen oer it noarm foar de NGT? En dy’t NGT leare woe, hie ûndertusken doch wol it ferlet om te witten wat foar gebearten oft der yn gebrûk wienen foar, om mar te neamen, pindakaas?

    Hawar, sa earst mar.

    Groetnis fan Henk

  5. Cor Jousma novimber 7, 16:10

    Dei Henk,

    Ik haw perfoarst gjin muoite mei lienwurden, mar wol mei it klakkeleas oernimmen fan wurden út in oare taal. Dêrom tink ik, dat it wurdboek beskate wurden gewoan net opnimme moat, sadat minsken dêr sels oernei tinke kinne. Oft soks no Ingelsk of it folle faker foarkommende Nederlânsk is, makket foar my net út. De Akademy soe njonken it wurdboek in list útjaan kinne mei wurden dy’t se yn de praktyk sinjalearre hawwe. Om dêrmei it neitinken te prikkeljen.

    Wêrom soene wy eat ‘online’ bestelle moatte, as wy soks ek ‘oer it ynternet’ bestelle kinne. Yn beide sitewaasjes liene wy wurden, mar yn de lêste hawwe wy yn elts gefal sjoen nei wat de eigen taal hie.

    Dat 90 persint fan de Frysktalige omkoalen ‘sleutel’ seit, is foar my gjin reden om dat wurd yn it wurdboek op te nimmen. Do hast it oer in earlik Frysk Wurdboek, hâld it dan ek by earlik Frysk. Wat hat ús taal oan in wurdboek dat optilt fan de hollanismen, oft dy no wol of net as hollanisme merkbiten wurde.

  6. Erwin2.0 novimber 7, 23:13

    Yn it Frysk Hânwurdboek wurdt dochs al goed rekken holden mei de moderne Fryske wurdskat? In protte hollanismen en anglisismen wurde dêr sûnder problemen yn meinommen. Yn dat wurdboek wurdt ek dúdlik oanjûn oft der sprake is fan literêr taalgebrûk en sprektaal. in pear wurdsjes dy’t frekwint yn de sprektaal foarkommende steane der net yn. In wurdsje as ‘leuk’ ûntbrekt yn dat wurdboek en soe der sa njonkelytsen wol yn kinne.

  7. Henk Wolf novimber 7, 23:59

    Bêste Erwin,

    Mei alle wurdearring dy’t ik ha foar it prachtige Frysk Hânwurdboek, dat wis in deeglik stik wurk en in moai blêderboek is: it Frysk Hânwurdboek is ek in preskriptyf wurdboek. Dêr litte de makkers gjin misferstân oer bestean. Der steane 429 wurden yn dy’t it label ‘hollannisme’ krigen ha en dat is net safolle. In heel soad wurden binne fuortlitten mei it argumint dat se te dialektysk of in hollannisme binne. Sjoch de neikommende stikken mar foar in taljochting:

    http://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/Afbeeldingen/Hoofdpagina/pdf_files/duijffvdkuip-fhwb.pdf
    http://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/Afbeeldingen/Hoofdpagina/pdf_files/fhwb1.pdf

    Dêr komt by dat it Frysk Hânwurdboek in ferklearjend wurdboek is, gjin oersetwurdboek. As ark is it foaral geskikt foar wa’t Frysk lêst of heart en út en troch ûnbekende wurden tsjinkomt. Wa’t yn it Frysk skriuwt of wa’t leart om it te praten, dy hat benammen ferlet fan in Nederlânsk-Frysk oersetwurdboek. Dyselde hat op it stuit eins gjin goed ark foarhannen. Alle wurdboeken N-F binne of beheind, of stokâld, en allegear binne se preskriptyf.

  8. Johannes novimber 8, 11:23

    De taljochtings links binne Nederlânsk talich. Spitich net yn ‘t Frysk fan de Fryske-Akademy. Sa wurdt it fansels neat mei it Frysk. Ik ha gjin ferlet fan Nederlânsk-Frysk oerset-wurdboeken. Ik ha ferlet fan in folslein Frysk ferklearjend wurd-tekst bestân foar kompjûter ark. “Hollanisme” kin yn in apart bestân set wurde, fyn ik.

  9. Nanne novimber 11, 22:17

    Moai dat Henk ús der op wiist dat de Fryske wurdboeken net neutraal binne. Lykwols sille wurdboekgearstallers altyd kieze moatte en dat is út soarte subjektyf. De Van Dale nimt bygelyks Ingelske wurden op as dy yn Nederlân húsriem binne. Mar gjin fakjargon of streektaalwurden. Dat, it is net sa dat de wurdboekmakkers fan Van Dale simpelwei de lânsgrinzen oanhâlde; sy moatte ek hieltyd wer ôfwaagje oft wurden wol faak en rûnom genôch yn it Nederlânske taalgebiet brûkt wurde. Se kinne dêr kwantitative mjitstêven oan jaan, mar dy binne op harrensels ek wer subjektyf. Allyksa soe it earlike Fryske wurdboek wol ôfgryslike tsjok wurde as der gjin kar makke wurdt yn alle taalfarianten (Stedsk, Biltsk, Eilanners, Stellingwerfsk, Súdhoeksk, ensafh.) dy’t de ynwenners fan Fryslân sprekke. Fierders moatte jo ek sjen nei it ferlet dat minsken krekt fan in wurdboek ha. It N-F pakke jo der by as jo graach yn geef Frysk wat sizze wolle. En it F-N as men net wit wat ien krekt bedoeld, en dat is oarnaris om geef Frysk te rêden; want foar (heal-)Nederlânske wurden ha de measten gjin oersetting nedich. It hjirboppe al neamde hânwurdboek is – om earliker te wurden – faaks út te wreidzjen mei de Nederlânske wurden dy’t Friezen liene om’t se sa maklik binne yn it gebrûk, lykas ‘leuk’. Mar wa hat der dan ferlet fan om dêr sokke wurden yn op te sykjen?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.