Súdwest-Fryslân wurdt dochs Grut-Snits
Resint ferskynd
SNITS – By de foarming fan de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân hearske yn de plattelânsgemeenten de eangst dat de gemeente in foech ‘Snits en ommelân’ wurde soe. Dêrom wie ôfpraat dat de amtners en loketten ferspraat bliuwe soene oer ferskate plakken yn de grutte gemeente. Sa binne der noch loketten yn Boalsert en Warkum, komt de gemeenterie gear yn Drylts en binne de amtners ek foar in part yn Drylts ûnderbrocht.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol dat Drylts as gemeentlik fêstigingsplak ferdwynt. Neffens boargemaster Hayo Apotheker wurket it net effisjint as amtners en bestjoerders yn twa ferskillende stêden sitte. It kolleezje hat de gemeenteried yn oerwaging jûn om Snits ta haadplak te meitsjen en as tarieding dêrop it gemeentehûs oan de Merkstrjitte yn dy stêd út te bouwen, sadat de ekstra amtners deryn passe.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje