Hanno Brand driget mei rjochtssaak om staveringstweet (update)

novimber 30, 2014 20:55

Hanno Brand, de direkteur fan de Fryske Akademy, wol juridyske stappen sette tsjin nijswebstee It Nijs. De reden is dat It Nijs in Twitterberjocht fan de hear Brand retweet hat. De hear Brand jout útdruklik gjin tastimming om út it mailferkear mei him te sitearjen, dêrom fetsje wy koart gear wat de strekking fan de diskusje mei him sneintemiddei en -jûn wie.

Moandeitejûn wurdt yn Tresoar debattearre oer it Griene Boekje foar it Frysk. Dêrfoar moat neffens de Fryske Akademy de Fryske stavering wizige wurde en wurde nije taalregels opsteld. It Nijs berjochte dêr de ôfrûne dagen ferskate kearen oer (link, link, link).

De hear Hanno Brand skreau sneintemiddei in Twitterberjocht oan FNP-Steatelid Annigje Toering, mei it fersyk om him te ‘skyljen’, om’t der argewaasje ûntstien wie oer de debatjûn. It Nijs is ien fan de folgers fan Brand en krige it berjocht dus ek, lykas ûnder oaren sjoernalisten fan Omrop Fryslân, sa is ús befêstige wurden. De redaksje hat it berjocht retweet en Brand fia in iepenbiere reaksje op Twitter frege wat foar argewaasje oft er bedoelt.

It Nijs krige efkes letter in priveeberjocht wêryn’t Brand der skande fan sprekt dat syn priveeberjochten troch It Nijs iepenbier makke wurde. De redaksje krige in pear minuten om de tweet te ferwiderjen, oars soene der juridyske stappen folgje. De redaksje hat him wiisd op it feit dat de tweet iepenbier wie, mar dat er him sels ferwiderje koe. Dat hat de hear Brand dien. In meiwurkster sosjale media fan It Nijs hat de retweet ek ferwidere en de kwestje doe oan de redaksje foarlein. Om’t der ûnderwylst ek in stik oer de saak op ús webstee publisearre wie, mei in kopy fan de tweet deryn, makke de hear Brand dúdlik dat der juridyske aksje folgje soe. Likegoed hat de redaksje him witte litten dat it stik stean bliuwt.

Dêrnei hawwe wy de hear Brand skille. Brand wie fan betinken dat it ûnfetsoenlik wie dat It Nijs syn berjocht retweet hie, mei’t it dúdlik wie dat it gie om in priveeberjocht. Oer it karakter fan de ‘argewaasje’ woe er gjin meidielings dwaan. Op syn fersyk hawwe wy wol it telefoannûmer yn de tweet ûnlesber makke, mei’t it dochs gjin nijswearde hat en mooglik negative gefolgen hat foar de priveesituaasje fan de hear Brand.

Hanno Brand kaam yn maaie 2013 yn it nijs, om’t er meiwurkers fan de Fryske Akademy mei klam fersocht hie om in petysje tsjin de staveringswiziging net te ûnderskriuwen.

UPDATE 20:55:
De hear Brand hat ús meidield dat de debatjûn fan moandei gjin iepenbier karakter hat. Dat is lykwols stridich mei de ynformaasje dy’t ús earder berikt hat en dy’t komme soe fan Fryske Akademy-meiwurkster Mettje de Vries.

It twitterberjocht stiet hjirûnder:

 

novimber 30, 2014 20:55
Skriuw in reaksje

15 opmerkingen

  1. Hanno Brand novimber 30, 22:16

    Om een reactie te schrijven op It Nijs wordt de schrijver gevraagd een schuilnaam in te vullen. Ik heb daarvoor om reden van transparantie en fatsoen niet gekozen. Verder schrijf ik deze reactie in het Nederlands om er zeker van te zijn dat dit bericht ook degenen die het Fries niet machtig zijn toch kunnen volgen.

    Naar aanleiding van de onbedoelde service van It Nijs om als privé bedoelde tweets toch openbaar te maken, heeft een statenlid mij bereikt en het verzoek gedaan om de voorlichtingsavond voor de Statenleden die aanstaande maandag aanvankelijk als een besloten bijeenkomst werd beschouwd, openbaar te maken.

    Berichten overigens dat een communicatiemedewerker van de Fryske Aakdemy heeft laten weten dat deze niet besloten waren, zijn verkeerd door it Nijs geciteerd. Een retificatie lijkt me dan ook op zijn plaats. Ik verwacht deze dan ook, want hier is sprake van onzorvuldigheid.

    Vanzelfsprekend heeft de Fryske Aakdemy direct ingestemd met het verzoek om de avond voor iedereen toegankelijk te maken. Daardoor krijgt de avond wel een ander karakter als bedoeld, maar daartegen is vanzelfsprekend geen enkel bezwaar. Ondanks eerdere berichtgeving heeft de Fryske Akademy namelijk altijd het debat in het openbaar gevoerd. Van spreekverboden of verboden dat de medewerkers niet op petities mogen reageren, zijn uit de lucht gegrepen en aantoonbaar onjuist. Het personeel is uitdrukkelijk de mogelijkheid geboden op persoonlijke titel een mening te geven. Het standpunt van de Fryske Aakdemy wordt daarentegen door de directeur-bestuurder of in zijn naam uitgedragen. Daarop en niet meer dan dat is gewezen.

    Het offciële standpunt van de Fryske Akademy is eveneens vazelfsprekend, want overeenstemmend met haar houding van de afgelopen jaren, wordt er rekening gehouden met de wensen vanuit het veld, De bijeenkomst van aanstaande maandagavond wordt daarom in het openbaar gevoerd.

    Rest me erop te wijzen dat er geen sprake is van een rechtszaak tegen It Nijs op dit moment. Juridische stappen ondernemen betekent dat men polshoogte neemt bij een advocaat en dat is vanzelfsprekend gebeurd. Al het overige is “Hineininterpretation”.

    Waarom reageer ik dan toch. Om It Nijs in diskrediet te brengen? Ten genen dele. It Nijs handelt in weerwil van haar eigen beleid. Ik heb de redactie in een mailwisseling, waarvan It Nijs zelf op haar website stelt dat deze niet openbaar wordt gemaakt, per afzonderlijke mail aangegeven dat daar een embargo op rust. Dat betekent dat deze mail niet mag worden weergegeven en ook niet mag worden geparafaseerd. Dat is toch uitvoerig en dan nog in een geheel uit de context gehaalde vorm gebeurd. Dat is zorgelijk, mogelijk zelfs onzuiver, en dat laatste laat ik uitzoeken. Wie weet heb ik gelijk.

    Voorts heb ik de redactie meermaals gevraagd een privételefoonnummer van de site te verwijderen. Dat is pas na herhaald verzoek ingewilligd. In mijn ogen is hiermee een fatsoensgrens overschreden. Daarop kan de redactie aangesproken worden. Vandaar deze reactie.

    Nogmaals in alle openheid en zonder verdraaiingen, Hanno Brand

  2. Dom praat novimber 30, 23:01

    En wêrom – hear Hanno – ha jo boppesteand berjocht net yn it Ingelsk skreaun. Ha jo dy taal net yn de macht?

    Of tinke jo dat de lju dy’t it oangiet sa ûnnoazel binne dat se dat net lêze kinne soene?

    Wat is dêrop jo andert, hear Hanno?

  3. Cornelis van der Wal novimber 30, 23:11

    Nee, de hear Brand skriuwt dit yn it Hollânsk om’t er it Frysk net sa goed yn ‘e macht hat. En dochs is er direkteur fan de Fryske Akademy. Ik fyn dat mar wat nuver.
    Of is it in algemien taaldefekt?: ‘Fryske Aakdemy (2x), ‘vazelfsprekend’… En wat mei in ‘retificatie’ bestsjutte?

  4. Dinie desimber 1, 00:19

    Hiel apart dat dizze man, dy impulsyf, nei myn gedachten unprofesjoniel en net yn it Frysk reageart, direkteur weaze kin fan de Fryske Akademy. En dizze klup moat us nije staveringsrigels oplizze?

  5. verbaasd desimber 1, 00:28

    Directeur plaatst iets belangwekkends voor nieuwsmedium zichtbaar op twitter.

    Nieuwsmedium retweet de reeds openbare belangwekkende tweet, overeenkomstig doel van twitter en taak van nieuwsmedium. Legitieme actie dus.

    Directeur eist ongedaan maken legitieme actie en dreigt nieuwsmedium met sanctie, namelijk juridische stappen (whatever that may be). Directeur eist bovendien dat nieuwsmedium daarover zwijgt, op straffe van nog meer “juridische stappen”.

    Mijn interpretatie: directeur snapt weinig van twitter en nog minder van persvrijheid.

  6. Johannes desimber 1, 13:36

    Spitich dat in direkteur fan in Fryske akademy Hollânsk skriuwt. Hy soe de earste wêze moatte dy’t altiten yn ‘t Frysk skriuwt. En dan twads lyk mei in rjochtsaak driigje is dom, Like dom om yn ‘t iepenbier in “Twitter” berjocht oer soks wichtichs te stjoeren. In jûn besletten oan te kundigjen, dy ‘t letter wer iepenbier blykt te wêzen. Sa’n in direkteur moat werom nei in jûnskoalle ta om kommunikaasje better te learen.

  7. Abe de Vries desimber 1, 15:00

    ItNijs.nl hat mei syn berjochtjouwing oer de taaljûn yn Tresoar absolút in boppeslach dien en hoecht him net fan ‘e wiis bringe te litten troch driigjende direkteuren dy’t saneamd neat fan Twitter begripe – direkteuren fan it slach dat in foarkar hat foar besletten lobbyjûntsjes, direkteuren dy’t net earder as ûnder druk fan de polityk de iepenbierheid opsykje… Tankewol, Hanno Brand! Jo aksje hat grif in posityf gefolch foar de online petysjelist dy’t wilens al troch hast hûndert minsken út ûnderwiis, kultuer en wittenskip tekene is.

  8. Hylke desimber 1, 16:12

    It waard yn eardere reaksjes al opmurken, mar dizze man hat de Fryske taal yndie net hielendal yn ‘e macht.
    Yn syn tweet hie hy it al oer ‘maondei’ (dyslektysk ?) en ‘skylje’, wêr’t hy nei myn tinken ‘skilje’ bedoele.

    Miskien meie wy net te strang wêze foar in man dy’t yn Flaanderen opgroeit is en doch besocht hat him ús taal eigen te meitsjen.
    Him oanstelle as direkteur fan in ynstitút sa as bygelyks de Fryske Akademy (mar dat jildt ek foar oare ynstellingen sa as Omrop Fryslân, etc.) fyn ik spitich, mar ik ha dêr fjirder gjin sicht op dus wit ik ek net wat de kritearia west ha.
    Wat ik wol grappich fûn is dat hy wol in Frisisme yn syn Nederlânske tekst sitten hat, want hy skreau: “Daardoor krijgt de avond wel een ander karakter ALS bedoeld”.
    Sels doch ik dat ek gauris ferkeard en dan krij ik ek faak kommentaar. Ik rekkenje him dat dan fjirder ek net oan.

    Wêr ik my wol in bytsje oan ergerje is syn opstelling. Los fan de taalkundige kant hat hy dúdlik flaters makke en dy probearet hy no efterôf allegear goed te praten. Dit fyn ik hiel swak fan syn kant.
    It jout oan dat hy ynkompetint is op meardere flakken, kommunikatyf en yn bestjoerskundige saken. Dat bringt my dan werom op myn eardere gedachte, op hokker kritearia is dizze man oanstelt. Ik soe my yntinke kinne dat in net Fries oanstelt wurde kin by ús Fryske ynstellingen op grûn fan útsûnderlike bestjoerlike kwaliteiten, mar dat lit dizze man hjir dúdlik net sjen.

  9. Hylke desimber 1, 16:25

    It waard yn eardere reaksjes al opmurken, mar dizze man hat de Fryske taal yndie net hielendal yn ‘e macht.
    Yn syn tweet hie hy it al oer ‘maondei’ (dyslektysk ?) en ‘skylje’, wêr’t hy fansels ‘skilje’ bedoele.

    Miskien meie wy net te strang wêze foar in man dy’t yn Flaanderen opgroeit is, want hy hat doch besocht him ús taal eigen te meitsjen.
    Him oanstelle as direkteur fan in ynstitút sa as bygelyks de Fryske Akademy (mar dat jildt ek foar oare ynstellingen sa as Omrop Fryslân, etc.) fyn ik spitich, mar ik ha dêr fjirder gjin sicht op dus wit ik ek net wat de kritearia west ha.
    Wat ik wol grappich fûn is dat hy wol in Frisisme yn syn Nederlânske tekst sitten hat, want hy skreau: “Daardoor krijgt de avond wel een ander karakter ALS bedoeld”.
    Sels doch ik dat ek gauris ferkeard en dan krij ik ek faak kommentaar. Ik rekkenje him dat dan fjirder ek net oan.

    Wêr ik my wol in bytsje oan ergerje is syn opstelling. Los fan de taalkundige kant hat hy dúdlik flaters makke en dy probearet hy no efterôf allegear goed te praten. Dit fyn ik hiel swak fan syn kant.
    It jout oan dat hy ynkompetint is op meardere flakken en mei nammen op it mêd fan kommunikative en yn bestjoerskundige saken rekkenje ik dat dizze direkteur wol oan. Dat bringt my dan werom op myn eardere gedachte, op hokker kritearia is dizze man oanstelt. Ik soe my yntinke kinne dat in ymport Fries oanstelt wurde kin by ús Fryske ynstellingen op grûn fan útsûnderlike bestjoerlike kwaliteiten, mar dat lit dizze man hjir dúdlik net sjen.

  10. mbc84 desimber 1, 18:15

    heden, dizze man wit sa’t it blykt net wat Twitter is haha. It is suver wol komysk en dan ek noch sa reägearje haha, je skuorre de bûsen út. Efkes dúdlik Hanno:
    gebruik geen Twitter voor “privéberichten” want daar is Twitter niet voor. Stuur een mail, whatsapp, of privébericht (!) via Facebook!!!!!
    Hoe dreech kin it wêze.. Hawar, hoopje dat dit ItNijs ekstra omtinken jout 🙂

  11. Dom praat desimber 1, 22:27

    @mbc84

    Jo witte wol dat it gjin wizânsje is lidwurden twa kear efterinoar te brûken. En jo witte ek wol wat in DM is?

    Moai sa!

  12. Marc desimber 1, 23:29

    “Verder schrijf ik deze reactie in het Nederlands om er zeker van te zijn dat dit bericht ook degenen die het Fries niet machtig zijn toch kunnen volgen.”

    Op in kompleet Fryske site? It Frysk is net iens sa muoilik te lêze.

  13. Mink desimber 11, 11:36

    Dat Hanno yn it Hollânsk skriuwt is yn it fermidden fan de FA net ûngebrûklik. De FA wol toptalint, is ommers in, mei tank oan in eardere topdirekteur, as ‘most excellent’ kwalifisearre ‘scientific institute’. En dan giet it om harsenkwaliteiten en net om de ien of oare taal. Mei Frysk kinne jo gjin toplatinten oanlûke en wittenskip publisearre yn it Frysk is ta weismiten keard. Is it jimme faaks ûntkommen dat it wittenskiplik tydskrift It Beaken fan de FA gjin of amper Fryske artikels mear publisearret? Wol in Fryske gearfetting by de Ingelske en Hollânske bydragen. Utslútend foar de show, want allinnich dy iene dwers-ientalige Fries mei niget oan wittenskip hat soks dan noch nedich. Quo vadis, Friese Academie …………….

  14. Hylke desimber 11, 15:36

    Fan in eksellinte wittenskipper meie je dochs wol ferwachtsje dat se harren kommunikatyf steande hâlde kinne.
    Dizze man hat in flater makke troch in berjocht fia de ferkearde kanalen te stjoeren. Dat is amateuristysk, mar klear, dat is bart.
    It giet er om wat hy dernei allegear foar fratsen úthellet om gjin gesichtsferlies te lijen wêrtroch hy it allinnich mar minder makket.
    Hy nimt it alles en elkenien kwealik en driget sels mei juridyske stappen wylst hy sels de flater makke hat.
    No’t hy kjel wurden is fan de kommoasje en ynsjocht dat hy gjin juridyske basis hat lûkt der de keutel werom.
    In stikje selsrefleksje soe wol op syn plak wêze en it soe de man siere as hy tajaan soe dat hy in bytsje dom west hat.

    Nei myn miening fergaloppeare eksellinte bestjoerders en top-wittenskippers harren net op dizze wiize. Minsken mei kwaliteit ferleegje harren net oant it gebrûk fan yntimidaasje om eigen ûnkunde ûnder de pet te hâlden.

  15. Aage M desimber 13, 11:29

    Dochs hie it nijs de kar in profesjionele
    ofweging te meitsjen en it dudlike privee karakter fan dizze tweet te respektaerjen. Hja had dit om oare klarebaere redenen net dien. Wie dit in
    publisityts stunt of wie de striid om de Fryske stavering sa ful? Ik meitsje der wol in “kanttekening” by.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.