Moandei debatjûn oer Frysk Grien Boekje (update)

novimber 30, 2014 20:47

Nei in perioade fan stilte om it Fryske Griene Boekje en de offisjele stavering fan ús taal hinne, is de diskusje dêroer hommels wer folop ûntbrând. Der is kommende moandei (1 desimber) sels in iepenbiere debatjûn oer. Dêr binne ek leden fan Provinsjale Steaten by oanwêzich.

Lêzers dy’t de arguminten yn de diskusje nochris hearre wolle of der fragen oer hawwe, kinne moandei telâne by Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. De gearkomste is fan 19.00 oant 21.30. De sprekkers binne Jelle Bangma (meiwurker taalsintrum Frysk), Peter van den Bergh (jurist), Koen Eekma (direkteur Afûk), Tanneke Schoonheim (wurdboekmakker by it INL), Jan Schotanus (skriuwer en oersetter) en Henk Wolf (taalkundige en dosint Frysk).

Wy hawwe in pear resinte reaksjes út de media sammele en se hjirûnder delset. Wa’t mear oer it ûnderwerp witte wol, fynt hjir mear ynformaasje: link.

UPDATE 00:49 oere:
Direkteur Hanno Brand docht yn in reaksje ûnder in oar artikel op ús webstee te witten dat de jûns dochs iepenbier wêze sil (link). Earder ûntfong de redaksje dêr tsjinstridige berjochten oer.

Webstee de Volkskrant:

Webstee de Volkskrant:

Webstee Onze Taal:

novimber 30, 2014 20:47
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Anonym novimber 30, 22:07

    In foarkeur makket de taal sa sterk dat it wurd foarkeur ferbean wêze sil.

  2. Fryske Akademy desimber 1, 16:03

    Ynformaasjejûn oer Taalweb Frysk foar Provinsjale Steaten

    1 desimber 2014 – Jûn organisearret de Fryske Akademy yn Tresoar te Ljouwert in ynformaasjejûn foar Provinsjale Steaten (PS) oer Taalweb Frysk. PS sille letter dizze moanne kedize oer it pakket taalark foar it Frysk, dat de Fryske Akademy yn opdracht fan PS ûntwikkele hat.

    Om Steatefraksjes goed te ynformearjen oer de plussen en minnen fan it pakket, hat de Fryske Akademy (FA) dêrta op eigen manneboet in ynformaasjegearkomste organisearre. De FA jout op dizze jûn in taljochting op wat Taalweb Frysk is, hoe’t it wurket en foar wa’t it bedoeld is, en minsken út it ‘fjild’ – ûnderwiis, rjochtsferkear, lokale oerheid, skriuwersrûnten en leksikografy – binne útnoege om mei koarte bydragen har betinken te jaan.

    De presintaasje fan Taalweb wurdt jûn dien troch Hindrik Sijens, en oare sprekkers binne Jelle Bangma (senior ûnderwiisadviseur meartaligens taalsintrum Frysk Cedin), Peter van den Bergh (riedshear-plakferfanger Hof Arnhim-Ljouwert), Koen Eekma (direkteur Afûk), Tanneke Schoonheim (Instituut voor Nederlandse Lexicografie Leiden, lid Commissie Spelling Nederlandse Taalunie), Jan Schotanus (DAT tekstbureau/útjouwerij Audiofrysk) en Henk Wolf (dosint Frysk NHL Hogeschool). De moderaasje is yn hannen fan Willem Visser (taalkundige RUG/FA).

    Dêrnjonken wiene oare partijen útnoege, lykas it Skriuwersboun, mar it bestjoer dêrfan hat derfoar keazen net oan de diskusje diel te nimmen.

    Juster hat de redaksje fan de website It Nijs berjocht dien oer dizze jûn as soe it gean om in iepenbiere debatjûn. Dy ynformaasje hat de redaksje fan It Nijs lykwols net streekrjocht ferifiearre by de Fryske Akademy. Oer in iepenbiere gearkomste hat de Fryske Akademy it nammentlik nea hân, en it stie dêrom ek net oankundige op ús website. De jûn wie ynearsten opset as ynformaasjejûn foar Steateleden en alle útnoege sprekkers wiene dêrfan op ’e hichte. Der wie troch de FA bewust keazen foar in besletten karakter mei dielname op basis fan útnoeging; de ynstek wie it ynformearjen fan Steateleden en net in breed publyksdebat.

    Underwilens is lykwols it idee ûntstien dat de jûn iepenbier is. Ek al wie dat net de bedoeling, dochs jout de Fryske Akademy elk de kâns om bywêzich te wêzen.

    Boarne: http://www.fryske-akademy.nl/subnavigatie/parseberjochten/20141201-ynformaasjejun-taalweb-1-desimber-2014/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.