Petysje tsjin nije Fryske stavering

novimber 29, 2014 23:00

“Provinsjale Steaten sille meikoarten (mids desimber) kediizje oer it útstel fan Deputearre Steaten om it ‘Taalweb’, makke troch de Fryske Akademy, goed te karren, ynklusyf de dêryn ferwurke staveringswizigingen en in wurdlist dy’t foarkarsfarianten oanjout. Nettsjinsteande it protest dat ferline jier oantekene is troch 104 wittenskippers, skriuwers en oaren binne de plannen fan FA en provinsje net feroare.”

Dat skriuwt Friduwih Riemersma, de skriuwster-psychologe dy’t in rjochtssaak tsjin de provinsje Fryslân oanspanne wol fanwegen de ynspraakproseduere oer de staveringswiziging. It Nijs berjochte dêr hjoed oer (link). Frou Riemersma hat in petysje opsteld dêr’t hja Provinsjale Steaten yn opropt om de besteande skriuwtaal te hanthavenjen, mei de besteande regels en romte foar ferskillende dialektfoarmen.

Klik hjir om de petysje te besjen of him mei te ûnderskriuwen.

novimber 29, 2014 23:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. EH de Boer desimber 8, 09:00

    (Âld dosint Frysk f.u.).

    Ik skriuw tenei
    û by koart lûd en oe by in diftong.

    It hingjen nei it hollânsk is gjin goede saak!
    Hâld it simpel en harkje hoe’t men it seit.

    Keare dat spul.

  2. L. de jong desimber 8, 09:14

    Ik wil deze petitie graag ondertekenen, maar ik zit niet op faceboek.
    Ik hoop dat mijn stem nog wel mee kan tellen.

  3. PIeter Breuker desimber 8, 21:29

    Bêste De Jong,

    Dat kin net mear: de petysje (mei 179 ûndertekeners) is fan ‘e middei troch Friduwih Riemersma oan deputearre De Vries oanbean. Woansdeitemoarn nimme P.S. in beslút.
    Yn har reaksje op Friduwih har oanbieden sei de deputearre ûnder mear dat mei de feroaringen yn stavering en standert ‘it Frysk makliker’ wurdt.
    Wat in misferstân. Fan-hûs-út-Frysktaligen (en dêr driuwt it Frysk gelokkich noch altiten op) sille har eigen taal yn in grut oantal opsichten net weromfine, dêrtroch ûnwis wurde by it skriuwen (as se al oan de nije noarm foldwaan wolle), slimmer noch, miskien sille se har sels wol fan it Frysk skriuwen ôfkeare. En de minsken fan bûten, dy’t it Frysk oanleard hawwe, sille in keunsttaal brûke, dy’t, by gebrek oan stipe út de taalmienskip, noch mear in keunsttaaltsje wurdt. Makliker?

    Pieter Breuker

    P.S: mei Cornelis bin ik it iens dat Jurjen him net langer ferskûlje moat. Dat er sels net de moed hat om foar ‘t ljocht te kommen, mei noch hinnebruie, mar beseft er wol dat er dêrtroch oaren fertocht makket? Der hoege mar twa te wêzen dêr’t men by ‘Jurjen’ oan tinkt en dan sil yn alle gefal ien ûnskuldich wêze.

    P.S: ik hie altiten al tocht, der is wat yn my dêr’t ik de finger net op lizze kin. Mar no wit ik it: de Amerikaan hie him yn my ferskûle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.