Moebarak net ferfolge: Egypte yn ûnstjoer

novimber 29, 2014 23:40

KAIRO – Hosny Moebarak, de eardere diktator fan Egypte, wurdt net ferfolge foar de dea fan demonstranten by de revolúsje yn ‘e maaityd fan 2011. Dat hat in rjochtbank yn Kairo sneon buorkundich makke. By dy saneamde ‘Arabyske maaityd’ rekken doe sa’n achthûndert minsken dea. Moebarak soe de plysje lêst jûn hawwe en sjit op ‘e demonstranten. Hy waard yn 2012 ta libbenslange finzenisstraf feroardiele, mar dy útspraak waard ûnjildich ferklearre, om’t der proseduereflaters makke wiene. De rjochtssaak soe dêrom op ‘e nij fierd wurde. It Iepenbier Ministearje easke de deadsstraf tsjin Moebarak.

Yn de rjochtsseal waard lûd hoeraroppen doe’t de útspraak klonk, mar bûtendoar waard de stimming grym. Op it Tahrirplein yn de haadstêd Kairo, dêr’t de revolúsje fan 2011 him konsintrearre hat, ûntstiene slimme opskuorrings. De plysje sette triengas yn om de demonstranten útinoar te driuwen.

De 86-jierrige Moebarak is al in skoft siik. De rjochter oardiele dat de âldman te lang presidint west hat om oer syn hanneljen oardielje te kinnen. Neffens de rjochtbank moatte “de skiednis en Allah” úteinlik mar in oardiel oer de man jaan.

Moebarak waard ek beskuldige fan korrupsje. Hy soe ûnder de merkpriis gas oan Israël ferkocht hawwe. Fan dy beskuldiging is er frijsprutsen. Ferskate pommeranten út Moebarak syn fermidden, wêrûnder de doetiidske minister fan ynlânske saken Habib al-Adly, wurde likemin ferfolge.

It Nijs hat yn 2011 in nijsdossier byhâlden oer de opstannen yn Egypte. It dossier is wylst sluten, mar wa’t nochris neilêze wol hoe’t de revolúsje him doe ûntjûn hat, kin dat nochris lêze fia dizze link.

novimber 29, 2014 23:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.