Ôfslútdyk in enerzjydyk

novimber 20, 2014 10:31

Tegeare mei Noard-Hollân moat Fryslân fan de Ôfslútdyk in enerzy-dyk meitsje. Dat bestjut dat d’r oan wjerskanten in lange rige wynmûnen komt te stean. It ferkear giet troch ien lange draaiende poarte. Fierder moat de ôfslútdyk hielendal belein (plaveid) wurde mei sinnepanielen.

De dykskwâlen belizze mei gewoane sinnepanielen en de wei sels belizze (plaveie) mei (seiskante) sinnepaniel-tegels, wêr ’t it ferkear gewoan oerhinne ride kin. Yn Amerika en Canada is dit al hiel gewoan. (Sjoch de foto). Boppedat kinne op de fangrails ek sinnepanielen monteard wurde. Dizze tink- en wurkwize levert in soad wurkgelegenheid yn en foar de eigen omjouwing. “D’r kin moarn al mei begûn wurde”, om sa mar te sizzen.

Op dizze wize hat Fryslân gjin (ekstra) wynmûnen nedich om dochs oan de 530 Megawatt duorsume enerzjy te foldwaan. De útsparre subsydzje op wynmûnebesitters kin hiel goed bestege wurde oan ‘mear hannen oan it bêd’ yn de ferpleeghûssoarch. It is mar krekt wat de polityk belangryk fynt.

Frâns Kuipers – Surhústerfean

novimber 20, 2014 10:31
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Aage M novimber 20, 21:00

    Hielendal mei iens. Eltse 100m ien wynmule.
    Dat jout 800 munen kear 2000 hus haldens:
    1.600.000 hushaldens. Kinst ferskillende steden
    Yn it noarden fan stroom foarsjen.

  2. Eric novimber 21, 21:40

    Dit idee is sa logysk, sa fanselssprekkend, sa ferstannich dat it gjin inkelde kâns makket yn dizze wrâld en yn dit lân.

  3. Aage M novimber 22, 08:11

    Is dat sa? Hokker polityke party kin dit ta
    duorsum ferkiezings platfoarm meitsjen?
    De FNP?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.