Nije Fryske searje: De Utflecht
Resint ferskynd
De Utflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy’t ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Utflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Juster wie diel 1 fan ôflevering 3 te sjen.
Denise hat har nocht fan Lieske har healwize streken. Dan fynt Kevin in bom ûnder de bus.
Klik hjir om de ôflevering te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje