Italjaanske strideraasje om homohoulik

novimber 5, 2014 18:04

Op syn minst trije boargemasters fan grutte Italjaanske stêden binne yn oanfarring kommen mei de lanlike oerheid. De boargemasters fan Rome, Milaan en Bologna hawwe de útlânske houliken fan twa manlju of fan twa froulju omset nei in wetlik Italjaansk houlik. Italië hat lykwols gjin offisjele mooglikheid foar lykslachtige pearen om te boaskjen.

It ministearje fan ynlânske saken hat de boargemasters de opdracht jûn om de erkenning werom te draaien, mar de boargemasters wegerje dat. Hja wolle no nei de rjochter ta stappe om harren gelyk te heljen. Yn april hat in Italjaanske rjochter ek in útlânsk houlik tusken twa manlju wetlik ferklearre. It Nijs berjochte dêr doe oer: link.

It is net nij dat gemeenten echtpearen registrearje dy’t yn in oare lân as Italië troud binne en net folle minsken makken har dêr drok oer. Dat feroare in moanne lyn, doe’t de konservative minister fan ynlânske saken, Angelino Alfano, buorkundich makke dat er syn nocht hie fan de registraasje fan lykslachtige pearen.

It houlik is yn Italië de iennichste wize om legaal in pear te foarmjen en de fiskale en juridyske foardielen dêrfan te genietsjen. Oare partnerskippen, lykas it gearlibbingskontrakt of partnerregistraasje, besteane yn Italië net. Loftse partijen hawwe der wol nei stribbe, mar de katolike tsjerke hat him der altyd fûl tsjin ferset.

Premier Matteo Renzi folget wilens in oare koerts. Hy wol in in partnerskip ynfiere dat ferlykbere rjochten jout as houlik, mei ien útsûndering: it soe net it rjocht jaan om bern te adoptearjen.

novimber 5, 2014 18:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.