Gjin ekstra jild foar earme Frânsktalige learling
Resint ferskynd
Yn Walloanië hat elk skoalbern by de oerheid in nûmerke krige. Wat riker oft de buert is dêr’t it bern wennet, wat leger it nûmerke. Alle jierren berekkenet it ministearje fan ûnderwiis fan de Frânsktalige mienskip hoefolle punten oft de skoalbern op elke skoalle gemiddeld hawwe. De 25% skoallen mei de heechste nûmerkes krije dan ekstra jild.
It idee efter de maatregel is dat bern út earme wiken ek út in kultuer komme dêr’t learen net sterk stimulearre wurdt. Troch de skoalle fan sa’n bern mear jild te jaan, kin dy mear omtinken jaan oan it bern en it helpe om hegere sifers te heljen. Soms wurdt it jild ek brûkt foar medyske help of foar sportdagen of útstapkes nei museums of it teater, dêr’t lang net alle âlden harren bern mei hinne nimme.
Dat systeem moat no ferdwine, sa seit Joëlle Milquet, de minister fan ûnderwiis fan de Frânsktalige mienskip. Hja wol de 14 miljoen euro ‘earmestipe’ brûke om ekstra leararen oan te stellen. Hja wiist derop dat lang net alle skoallen it ekstra jild ek brûke. Benammen yn Brussel wurdt ûntheistere reagearre op it plan. Yn guon wiken mei in protte emigranten sitte alle skoallen by de boppeneamde 25%.
In soartgelikense diskusje spile in wykmennich ferlyn ek yn Flaanderen. Dêr wie ek in soad protest.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje