Divagedrach tsjin Swarte Pyt wurket averjochts

novimber 23, 2014 09:37 Fernijd

De yntocht fan Sinteklaas yn Gouda op 15 novimber 2014 hat foar ‘t earst yn de lange Nederlânske skiednis fan dit bernefeestje ta argewaasje laat. Sa’n njoggentich relskoppers fan ‘t earder sa gesellich bernefeestje waarden troch de plysje oanholden. Wienen it slachtoffers fan bernemisbrûk troch de katolike tsjerke dy’t protestearren tsjin de komst fan in hûnderten jierren âlde biskop? Wienen it homo/lesbyske aksjegroepen dy’t wize woenen op de ieuwenlange homofervolgings troch de katolike tsjerke? Of wienen it Fryske relskoppers dy’t fûnen dat ‘t wite hynder fan Sinteklaas ris ferfongen wurde moast troch in swart hynder, it wrâldferneamde Frysk hynder?

Om’t ik in soad bûtenlânske lêzers ha dy’t faaks wat minder thús binne yn Nederlânske en Flaamske bernefeestjes moat ik earst wat útlizze.

ZPOpgean yn eigen slachtofferrol

Wilens de jierren sechstich oant en mei njoggentich wie ik aktyf yn de homo/lesbyske beweging yn Nederlân en wrâldwiid. Der kamen yn dy jierren in soad homo/lesbyske bûtenlanners nei Nederlân. Sy woenen leare fan de doetiidske paadljochtersrol yn de hope ek in harren eigen lân de homo/lesbyske emansipaasje op gong te bringen. Ta harren fernuvering krigen se wol gauris te meitsjen mei Nederlânske aktivisten dy’t rôpen dat it yn Nederlân al hielendal net sa goed gie. Dy aktivisten gienen sa op yn har eigen slachtofferrol dat sy net ynseagen dat harren leed neat foarstelde yn fergelyk mei it lijen wêrmei’t de bûtenlanners te meitsjen hienen. Dy gienen teloarsteld nei hûs om’t har alle hope op ferbettering ûntnommen wie. En de Nederlânske kleidiva’s hienen wer wille fan it lijen dat harrensels oandien wie. No is it homo/lesbyske divagedrach, útsein in inkele artyst, gâns ôfnommen. Organisaasjes as it COC en Hivos dogge no al jierren treflik wurk om homo/lesbyske bewegingen yn oare lannen te stypjen.

Divagedrach as Amsterdamske arrogânsje

Wêrom spilet de diskusje oer de bliere, swartmakke help fan dy âlde blanke bernefreon Sinteklaas feral yn Amsterdam en omkriten? Ik kom sels út it flak by Amsterdam lizzende Gooi en bin myn hiele werksume libben sawat alle dagen yn ‘e binnenstêd fan Amsterdam west dus ik kin der oer meiprate. Doe’t ik tolve jier ferlyn mei myn Fryske freon nei syn heitelân (vaderland) Fryslân ferhuze, fielde ik my krekt in lânferhuzer. Myn kultuerskok beskriuw ik yn de Tresoar-lêzing dy’t ik 13 maaie 2011 yn Ljouwert holden ha. Hoesa “kultuerskok”? De measte Friezen sille dat in swier oerdreaune siswize fine. As men yn Amsterdam eat “FAAANTAAASTIES!” fynt dan seit men yn Fryslân “it koe minder” (het had slechter kunnen wezen).

Opfallend wie dat de njoggentich oppakte relskoppers foar de yntocht yn Gouda keazen om ‘t bernefeestje te fergaljen en net foar de yntocht yn Amsterdam in dei letter wêr’t de measten wei kamen. Wêrom wie dat? De yntocht yn Gouda wie yn syn hiele hear en fear te sjen op ‘e Nederlânske tillevyzje en dy yn Amsterdam net. Jo binne diva of je binne it net. De rest fan Nederlân luts em neat oan fan ‘t Amsterdamske divagedrach en dus fergalle men dêr de wille net fan it pleatslik bernefeestje mei de tûzenden yntochten fan Sinteklaasy frijwol alle stêden en doarpen.

Skoarstienreagje is net rasistysk

Foar myn bûtenlânske lêzers: Nederlânske en Flaamske bern sette jûns harren skuon by de skoarstien en de oare moarne fine se dêryn kadootsjes dy’t fia de skoarstien besoarge binne troch Pyt, de bliere help fan Sinteklaas. Swarte Pyt is swart troch it roet yn ‘e skoazrstien en dat hat dus neat mei rasisme of slavernij te meitsjen. Sinteklaas is in wat tsjirmich âld man en syn hiele ‘bedriuw’ wurdt dreaun troch Swarte Piten dus as der in groep in de maling nommen wurdt yn dit bernemearke dan binne it earder âldere blanke manlju.

En as er al sprake wêze soe fan rasisme yn de fierde aksjes dan is it de diskriminaasje fan blanken om’t krek dien wurdt as oft sy de iennichste skuldigen fan de slavernij wêze soenen wylst dat net it gefal is. De histoaryske rol fan Nederlân yn de slavernij is bot beheind west en Nederlân bestridet de slavernij it bêst. Wa’t em dus wier soargen makket oer it skypjen fan slavernij kin em dus folle better dwaande hâlde mei bygelyks de hjoeddeiske slavernij yn Arabyske lannen en yn Pakistan en India dy’t folle grutskaliger is. Mei nammen de ferfolging fan slavernijbestriders yn Mauretanië is slim soarchlik.

Blackface as Amearikaanske misliede byldfoarming

De negative Amearikaanske byldfoarming oer Nederân ha ik al earder besprutsen. Der is yn de FS faaks in skrinend tekoart oan kennis oer oare kultueren. Troch it wurd Blackface te misbrûken yn ‘e diskusje oer Swarte Pyt dogge de tsjinstanners krek as oft de Amearikaanske en de Nederlânske skiednis lyk-op rinne mar dat is net sa. Amearika kende yn eigen lân slavernij, Nederlân frijwol net. Nederlanners witte yn ‘t generaal mear oer Amearika as oarsom. In Nederlânsk bernefeestje as slavernij delsette, is skiednisferfalsking. De gjalp “ZWARTE PIET = SLAVERNIJ” docht grut ûnrjocht oan it lijen fan de slavernij troch it lyk te stellen oan in ûnskuldich bernefeestje. En it besiket de Amearikaanske kultuer op te twingen sûnder rekken te hâlden mei de eigen skiednis fan Europa.

Selsferkleare ‘antyrasisten’ begeunstigje rasisme

Kulturele eachkleppen moatte net begeunstige wurde maar krekt bestriden. As dan immen (saneamd yn namme fan de Feriene Naasjes) út homofijannich Jamaica Nederlanners rasisten neamt fanwegen in bernefeestje wylst yn har eigen lân homo’s ta yn ‘e dea ferfolge wurde dan wurket dat folslein averjochts. De aksjes tsjin Swarte Pyt hawwe presys it tsjinoverstelde berikke fan wat beëage waard.

De Amearikaanske krystman Santa Claus (fan Nederlânske komôf!) bedrigee yn populêrens it Sinteklaasfeest mar dat belibbet no in rekôromset troch de oanfal op Swarte Pyt. Nederlanners litte ha net sûnder rjocht beskuldigje fan eat dat sy net binne. Men sil nei goed Nederlânsk gebrûk wer in hiel soad polderje  moatte om de oanrjochte skea te ferheljen!

Rob Tielman yn syn Blog

novimber 23, 2014 09:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*