8000 minsken brûke Facebook yn it Frysk

novimber 30, 2014 14:00

It sosjalemediawebstee Facebook is yn in grut tal talen te brûken. Ofrûne wike is it Frysk dêr as folweardige ynterfacetaal by kommen, nei’t der al in skoft in ûnfoltôge bêtaferzje fan yn gebrûk wie. Mei-inoar 8000 minsken brûke de Fryske Facebook. Dat skriuwt sjoernalist Onno Falkena, dy’t freed by in kongres oer meartaligens en sosjale media yn Ljouwert wie.

Falkena meldt fierder dat it Frysk neffens it tal brûkers de sechsde minderheidstaal op Twitter is en dat sa’n tûzen minsken bydroegen hawwe oan de Fryske ferzje fan Facebook.

 

novimber 30, 2014 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.