Utslach fotowedstryd oer Dam Jaarsma

oktober 15, 2014 09:00

TIP-Eastermar organisearre foar de tredde kear in fotowedstryd. Dit jier wie it tema ‘Allemaal verzamelen’. Eastermar fiert nammentlik yn 2014 it hûndertste bertejier fan skriuwer, dichter en sammeler Dam Jaarsma. (sjoch www.damjaarsma.nl.) Op de sammelgrime fan Dam Jaarsma wie it foto-tema ynspirearre.

DJ

midden en rjochts de winners mei links de sjueryfoarsitter Sharon van Beek-Koopmans

Op 10-10-2014 is de fotowedstrijd ôfsluten en binne de twa prizen (publykspriis en sjuerypriis) takend. Acht dielnimmers dienen mei en it tal foto’s wie 21 stiks. De foto’s wienen oer ’t gehiel nommen bêstsoartich!

De publykspriis gie mei 69 stimmen nei Annet Adema, fan Eetcafé ‘t Breed, mei de foto ‘Allemaal verzamelen voor het Nederlands elftal’. Annet makke goed gebrûk fan har wiidweidich netwurk.

De sjuery seach feral nei de kreative ynfolling fan ‘t tema ‘Allemaal verzamelen’ en nei de kwaliteit fan de foto (komposysje, ljocht-tsjuster ensfh). De sjuerypriis waard wûn troch Jan Reitsma út Eastermar mei de foto ‘Geen touw aan vast te knopen’.

Ofrûne 11 oktober waarden de prizen, in mânsk pakket streekprodukten út de Wâlden en in feestlik boeket blommen útrikke oan de beide winners.

De ynstjoerde foto’s, it rapport fan de sjuery, besteande út Albert Bakker, Joukje Nijboer en Sharon van Beek-Koopmans, in foto fan de priisútrikking en in ferslach fan de winners oer harren winnende foto, fine jo op de webside fan TIP-Eastermar, http://www.tip-eastermar.nl/tips-in-het-nieuws/in-het-nieuws/120-uitslag-fotowedstrijd-tip-2014.

oktober 15, 2014 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*