Twataligens is goed foar it ûnthâld

oktober 20, 2014 09:05 Fernijd

UTERT – Elma Blom fan de Universiteit Utert docht ûndersyk nei twataligens by bern fan Turkske âlden dy’t yn Nederlân wenje. Hja hat ûntdutsen dat twataligens by harren it learen makliker makket. Bern út sosjaal-ekonomysk lege Turkske hûshâldings skoare dêrtroch better as Nederlânske bern út deselde sosjaal-ekonomyske klasse.

Bern mei leechoplate heiten en memmen wurde oer it generaal grut yn in fermidden dat folle minder stimulearret as dat fan bern fan ‘e hegerein. Minsken mei in lege oplieding lêze minder foar, se sporte minder en se sjogge mear televyzje.

Frou Blom liet bern fan fiif en seis jier âld rychjes getallen hearre. Dy moasten se efterstfoarst neisizze. Dat komt tige op it ûnthâld oan. Bern fan heechoplate âlden diene it folle better as bern fan leechoplate heiten en memmen. Lykwols, de Turkske bern diene it better as de Nederlânske: Turkske bern fan leechoplate âlden hellen deselde skoare as de bern fan heechoplate Nederlânske âlden.

“Een boost voor het werkgeheugen”

“Dat is opmerkelijk”, seit ûndersykster Blom, “want over het algemeen hebben kinderen van hoogopgeleide ouders een beter werkgeheugen dan kinderen van laagopgeleide ouders. Een stimulerende omgeving geeft je werkgeheugen namelijk een boost.”

It foardiel fan twataligens op it ûnthâld nimt mei de jierren ek ta: by seisjierrige bern wie it grutter as by fiifjierrige bern. It is it safolste foardiel foar it learen dat twataligens meibringt, seit frou Blom. Sa kinne twataligen harren makliker op in taak konsintrearje, komme se letter yn ‘e bernskens en leare se flugger in oare taal.

Frysk-Nederlânsk

“Niet alle tweetalige kinderen beheersen hun twee talen voldoende of gebruiken ze actief”, seit de ûndersykster. Dat kin neffens har ferklearje dat by guon ûndersiken gjin ferskil fûn wurdt tusken ientalige en twatalige bern en by oare ûndersiken wol. Om derefter te kommen hokker foarmen fan twataligens oft wol foardiel hawwe en hokker net wurket hja mei oan ûndersyk by ferskate groepen twatalige bern, wêrûnder Frysk-Nederlânske bern yn Fryslân. Hja wurket dêrby gear mei Evelyn Bosma en Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy en Arjen Versloot fan de Universiteit fan Amsterdam.

In ferslach fan frou Blom har ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Journal of Experimental Child Psychology. Klik hjir om it te lêzen.

oktober 20, 2014 09:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.