Trelit om Fryske oersettings

Oktober 29, 2014 13:47

Wa kin jild fan de provinsje krije om in Fryske oersetting te meitsjen fan in boek? As it oan de provinsje leit, binne dat tenei allinnich mar minsken dy’t lid binne fan de lanlike oersettersorganisaasje NGTV. Dêrfoar moatst in oersettersoplieding dien hawwe of oanrekommandaasjes sjen litte kinne fan eardere opdrachtjouwers. Dat makket de drompel om in Frysk boek oer te setten fierste heech, is it betinken fan ferskate Fryske skriuwers.

Arjan Hut fettet op De Moanne de diskusje gear. Klik hjir om syn stik te lêzen.

Foto: Daam de Vries / Wikipedia (CC)

Oktober 29, 2014 13:47
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Reuter Oktober 31, 11:42

    http://www.frysk-wurdboek.nl
    De Fryske taal stiet der faai foar. Dêrom haw ik in Fergees digitaal Frysk/Nederlânsk- Nederlânsk/Frysk wurdboek makke fan 4383 A-fjouwerke’s, dat boppedat om ’e nocht is en jimme ek folle nocht jaan kin. Der steane ek alle ûnregelmjittige tiidwurden yn yn rychjes neistinoar. Boppedat de komplete Fryske spraakkeunst, foarsjoen fan in ynhâldsopjefte. Efter alle fryske wurden stiet de fonetyske útspraak tusken heakjes. Ek jout it wurdboek folle synonimen om û.o de wurdskat te fergrutsjen. Sa hat it tiidwurd útnaaie der 90! It wurdboek is sels in goed helpmiddel by it dichtsjen mei Sinterklaas troch de lêste 2, 3 wurdlidden fan in wurd yn te typjen en dan mar ‘Enterjen’! It soe foar de belutsen minsken in stik bûter yn ’e brij betsjutte as dit wurdboek op ’e taakbalk stean soe, dêr’t ik sa’n wurd om sis! It lêst hast as in spannend boek! Hjoed stiet it eksakt ien jier en trije moannen op ûndersteande website. De teller stiet op 7856 downloads! De gemeente Ljouwert en it sikenhûs MCL ha it op harren YNTRANET stean. Oars brûke de eineksamenlearlingen Frysk fan it Drachtster lyceum it sûnt in heal jier! It opsykjen fan in wurd duorret gjin 5 sekonden!
    De site is te finen op ynternet ûnder: http://www.frysk-wurdboek.nl

    Mei freonlike groetenis,

    R.M.J. Plum
    Master Hoeksmawei 31
    9289 JM Drogeham
    Till. 0512 33 29 73

  2. Johannes Oktober 31, 16:45

    O ja, ik moat it nedich op myn “tabletsje” sette. Hear Plum tige tank foar it meitsjen. Wurde der elske kear ek wer nije wurden ynset? Dan moat ik dy webside by myn favoriten sette.

  3. P. Hekstra Novimber 13, 10:29

    Dan sil der minder út en yn it Frysk oerset wurde. Foar beoardieling fan de kwaliteit fan in oersetting — ek fan amateurs — kin de Provinsje bêst in amtner oanlûke. Hat se kwaliteit, dan komt se yn oanmerking foar subsydzje.
    De measte oersettings oant no ta binne dien troch amateurs fan hege kwaliteit.
    Wat neffens nije noarmen kwaliteit yn in oersetting is, dêr kin de nije taaldiskusje ljocht op skine litte. Al is dat wer in oare diskusje, dochs soe ik alfêst sizze wolle: Meitsje in grien taalboekje, dêr’t net allinnich de meast brûkte (Klaaifryske) wurden de noarm yn binne, mar ek ien of twa synonimen út de lytsere dialekten.

  4. T.J. Dorhout Mees Augustus 9, 13:33

    sorry, in het nederkands:
    klopt het dat oudere friese woorden, bijvoobeeld uit Rimen en Teltsjes er niet in voorkomen, of doe ik iets verkeerd?

  5. T.J. Dorhout Mees Augustus 9, 13:38

    voor de duidelijkheid, het gaat mij om het digitale woordenboek: http://www.frysk-wurdboek.nl

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.