Sauna Ljouwert wie Latynske skoalle

oktober 28, 2014 09:00 Fernijd

LJOUWERT – It wie in wat ferâldere sauna mei suterige posters foar de ruten, it rychje hûzen op ‘e hoeke fan ‘e Grutte Tsjerkestrjitte en de Pylkstege yn Ljouwert. Net ien hie tinke kinnen dat dy gebouwen in histoaryske skatkeamer wiene. By de restauraasje is ûnder oaren in achttjinde-ieuske muorreskildering foar it ljocht kommen.

De saune hâlde yn 2011 op, om’t de saken hieltyd minder giene. De eigner ferkocht de pannen oan it Sint Anthony Gasthûs, dat der âldereinwenten yn meitsje wol. Op it stuit wurde se restaurearre. De muorreskildering bliuwt dêrby bewarre. Hy is konservearre en komt efter in beskermjend lewant.

In oare wichtige fynst is in flier fan âlde friezen, in soart estrikken dy’t ek wol kleastermoppen neamd wurde en hast allinne mar yn wichtige gebouwen lykas tsjerken, kleasters, kastielen en skoallen brûkt waarden. Neffens stedshistoarikus Henk Oly wiist de fynst derop dat op it plak fan de húskes yn de midsieuwen de Latynske Skoalle stien hat. Dat wie in foaroplieding foar de universiteit.

Foto: Google Maps

oktober 28, 2014 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.