Nij boekje mei Fryske folksferhalen
Resint ferskynd
BÛTENPOST – Tsien Fryske folksferhalen, op ‘e nij op papier set en yllustrearre yn in nij boekje. Dat is it resultaat fan de folksferhalewedstryd fan de gemeente Achtkarspelen. Ynwenners fan de gemeente koene it ferhale-erfskip fan Fryslân op ‘e nij ferwurdzje.
Achtkarspelen wol mei de wedstryd de ferhalen dy’t Friezen oaninoar trochfertelle yn libben hâlde en se trochjaan oan folgjende generaasjes, dy’t net mear grut wurde yn in ferteltradysje. De wedstryd is organisearre ta eare fan de hûndertste bertedei fan Dam Jaarsma, dy’t yn ‘e jierren sechstich in soad ferhalen sammele yn ‘e Fryske Wâlden.
De yllustraasjes by it boekje binne makke troch Noël Hariri. It boekje wurdt op tiisdei 4 novimber presintearre op it gemeentehûs fan Achtkarspelen yn Bûtenpost. De presintaasje begjint om 16.00 oere.
Klik hjir om de folksferhalen út de kolleksje fan Dam Jaarsma te lêzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje