Sukses foar Bretonsktalige skoallen

septimber 7, 2014 09:15 Fernijd

CARHAIX/KARAEZ – De Bretonnen binne ferheard. De folslein Bretonsktalige skoallen fan de koepel Diwan bliuwe in sukses. De iene nei de oare skoalle wurdt iepene. Der binne al fjirtich fan sokke skoallen yn Bretagne en ien yn Parys. It tal learlingen oan dy skoallen is it ôfrûne jier mei 3,24% stiigd. De basisskoallen krigen der 2,64% learlingen by en op ‘e skoallen foar fuortset ûnderwiis wie de groei sels 4,65%. Ien skoalle foar fuortset ûnderwiis, it Diwan-lyseum yn Carhaix/Karaez, krige der sels 10,0% learlingen by. Mei 333 learlingen sit dy skoalle oan de top fan syn kapasiteit. De skoalle heart troch de hege eineksamenresultaten by de bêsten fan hiel Frankryk.

Yn Fryslân is it ûnderwiis yn grutte mearderheid Nederlânsktalich. In beheind tal skoallen brûkt ek it Frysk en soms it Ingelsk as fiertaal. Skoallen dy’t alle lessen yn it Frysk jouwe binne der net. Yn it bûtenlân binne der in soad skoallen dêr’t de regionale taal de fiertaal is. Yn Wales, by de Sorben en de Denen yn Dútslân en by de Sweden yn Finlân is dat tige gewoan. De skoalresultaten binne faak treflik en de kennis fan de lânstaal hat net te lijen ûnder it gebrûk fan de streektaal yn de lessen.

De Diwan-skoallen hawwe wol in finansjeel probleem. Hja wurde as priveeskoallen mar foar in lyts part troch de oerheid stipe. Dat wol sizze dat âlden en taalorganisaasjes foar de kosten opkomme. De Diwan-koepel besiket om mear oerheidsstipe los te krijen.

septimber 7, 2014 09:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. C.J.W. Vaessen M.A. septimber 7, 17:23

    Ja, ik wit net, sûn ik least haw dat de islamisearing dêr grutte ûmfong oannimmt. In faam yn normaal Europeiske kleare krijt in bulte problemen as hja net as moslima yn’e strjitte rûnrint, alteast yn Renne…

  2. Erwin2.0 septimber 8, 19:06

    Soe moai wêze dat wy yn Fryslân meartalige skoallen krije mei as primêre fiertaal it Frysk. Miskien in idee om in stifting foar soks op te setten?

  3. Sybren septimber 10, 07:40

    Friezen binne dochs te sleau om soks op te setten. ‘Wy moatte no dochs ek net oerdriuwe’ is faaks it sizzen. En benammen as it út’e eigen knipe komme moat. De trochsneed Fries hobbelt eins as in hûntsje efter de Hollanner oan.

  4. Rob Tielman septimber 14, 16:40

    @allen Waar zijn domme mensen eigenlijk goed voor?

  5. Rob Tielman septimber 15, 10:16

    @allen Waar “dat fries” eigenlijk goed voor is? De voordelen van meertaligheid heb ik beschreven in:
    http://robtielmanblogt.blogspot.nl/2013/10/17-disadvantaged-by-english.html

  6. Erwin2.0 septimber 15, 13:05

    @alien: wêr is it Nederlânsk eins goed foar?

  7. Tsjerk septimber 18, 08:44

    Faaks is it Hollânsk allinnich goed foar ‘alien’. Faaks komt er/se fan Mars.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.