Spanje ferbiedt lêzing Katalaanske skiednis

septimber 5, 2014 00:01

UTERT – De Katalaanske skriuwer Albert Sánchez Piñol mocht tongersdeitejûn yn Utert gjin lêzing hâlde oer syn boek Victus. De Spaanske ambassade yn Nederlân hat de lêzing op it lêste stuit tsjinholden. Piñol syn boek giet oer de ynliving fan Kataloanië troch Spanje yn ‘e 18e ieu.

De lêzing waard organisearre troch it Cervantesinstituut yn Utert, in kulturele organisaasje dy’t de Spaanske taal en kultuer yn it bûtenlân befoarderet. It ynstitút falt ûnder it Spaanske ministearje fan útlânske saken.

By útjouwerij Signatuur, dêr’t de Nederlânske oersetting fan it boek útkomt, binne se op ien ein. Meiwurkster Juliette van Wersch seit: “DIt is een ernstige zaak, die ruikt naar censuur. “Het is spijtig en voor een uitgeverij onbegrijpelijk dat deze auteur in Nederland niet overal over de Spaanse en Catalaanse geschiedenis kan vertellen. “

Kataloanië is yn 1714 troch Spanje ferovere en rekke doe syn ûnôfhinklikheid kwyt. Dat wurdt alle jierren op 11 septimber betocht en de betinkings hiene de lêste jierren gauris in grimmitich karakter. No’t it trijehûndert jier lyn is, is de Spaanske oerheid mooglik benaud foar reboelje, sa tinkt frou Wersch. De strideraasje om it referindum oer ôfskieding dat Kataloanië organisearje sil is mooglik ek in reden foar Spanje om pro-Katalaanske aktiviteiten te ferbieden, sa tinkt hja. Oft dat wier sa is, lykwols net wis. Frou Wersch: “Men wilde alleen zeggen dat het nu gevoelig ligt en dat het geen goed moment was.”

De Spaanske ambassade wol gjin kommentaar jaan en ferwiist nei it Cervantesinstituut. Dat jout gjin reaksje. Piñol sels fynt it tige spitich dat er syn lêzing net hâlde kinnen hat. Neffens him hie er gjin politike motiven foar syn boek, dat gewoan in nijsgjirrige histoaryske roman wêze soe. De boeken fan Piñol geane faak oer folken dy’t yn opstân komme tsjin wrede besetters en diktators. Hy skriuwt yn it Katalaansk.

septimber 5, 2014 00:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.