Katalanen foarmje kolossale V
Resint ferskynd
BARCELONA – Yn de Katalaanske haadstêd Barcelona hawwe hjoed mar leafst 1,8 miljoen minsken meidien oan in demonstraasje foar in referindum oer in selsstannich Kataloanië. De dielnimmers wiene foar it grutste part klaaid yn read en giel, de kleuren fan de Katalaanske flagge, en foarmen mei-inoar de letter V yn de strjitte fan Barcelona. De letter, dy’t 11 kilometer strjitte yn beslach naam, stiet foar it wurd votar, Katalaansk foar ‘stimme’.
Foto: Eurolang
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje