Berltsumers binne hûntsjes

septimber 17, 2014 14:45

Hast alle doarpen en stêden hawwe in skelnamme. Ljouwerters binne galgelapers, en yn Berltsum wenje Berltsumer hûntsjes. Faak sit der in ferhaal efter de oarsprong fan sa’n namme. Ynwenners fan Rinsumageast bygelyks binne hûnewippers. It hûnewippen wie earder in spultsje dat op ‘e Geastmer merke spile waard. Losrinnende hûnen waarden fongen en mei in tou om ‘e nekke oer de feart hinne ‘wipt’ of gisele. Manlju stiene dan klear om de hûn op te heinen, mar de hûn koe ek te pletter slaan tsjin de brêge. Dit wreed fermeits bestiet al lang net mear, mar yn de skelnamme wurdt it de ynwenners fan De Geast (mei rjocht en reden?) noch altyd neidroegen.

septimber 17, 2014 14:45
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. AT septimber 17, 19:43

    Soe de titel efkes feroare wurde kinne? Want de Berltsummers binne de Berltsume hûntsjes, dus earder de slachtoffers fan it spultsje dat wy no wreed fine soene en net de útfierders derfan…

  2. AT septimber 17, 19:44

    Berltsumer bedoel ik fansels, mei ‘r’

  3. Lútsen septimber 18, 11:31

    @AT, ta jo tsjinst. Behoffener

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.