Earste website mei .frl online
Resint ferskynd
De earste website fan de wrâld mei de Fryske ynternetdomeinnamme op .frl is tiisdei online gien. Om healwei fiven hinne is de website www.nic.frl tagonklik foar de hiele wrâld. Fryslân is de earste provinsje dy’t in eigen ekstinsje hat op ynternet. .frl moat in begryp wurde, lykas .nl of .com.
Yn juny wie deputearre Sietske Poepjes noch op in kongres yn Londen oer it formele beslút foar it tastean fan .frl. Neffens de provinsje is it fan grut belang dat Fryslân no in eigen plakje hat op it wrâldwide web.
De webside www.nic.frl is net in tige spannend webstee. Op it webstee hawwe Friezen en Fryske bedriuwen de mooglikheid om as earste in url mei .frl fêst te lizzen. It webstee is eigendom fan in saneamd hostingbedriuw.
Ik besykje yn te loggen op de nije website, mar it is my noch net slagge binnen te kommen. Of bin ik te gau?
Jehannes: Om healwei fiven fannemiddei. Eefkes wachtsje dus.
de webside komt yndie pas om 16.30 online. Ik ferwachtsje self dat it giet om de faraint fan de webside http://www.nic.com. In webside fan in hostingbedriuw. Net echt ‘seksy’ of spannend dus.. Mar wa wit….
en allinnich yn it Hollânsk beskikber, haha, it lit mar wer moai sjen hoe slûch at se binne… FAIL!