Dam Jaarsma-sirkwy foar skoalbern
Resint ferskynd
Yn it ramt fan it Dam Jaarsma-jier dogge skoalbern freedtemiddei 19 septimber in Dam Jaarsma-sirkwy mei wedstrydkarakter troch Eastermar. Allegear aksje yn it doarp en boargemaster E.J. ter Keurs is der ek tsjûge fan.
De bern fan de KBS ‘De Balsemyn’ en OBS ‘De Bolster’ krigen in pear wike ferlyn gastlessen fan âld-ûnderwizer Wijbe Postma èn hja besochten de eksposysje yn de Kjellingen om neier yn ‘e kunde te kommen mei libben en wurk fan Dam Jaarsma, samler foar it neiteam.
Freedtemiddei brûke de bern fan de groepen fiif oant en mei acht dizze kennis troch mei te dwaan oan it wedstrydsirkwy yn Eastermar. Op ferskate adressen fiere de bern opdrachten út dy’t uteraard mei Dam Jaarsma te krijen ha. De tiid is beheind en dêrmei kriget it sirkwy in spannend wedstrydkarakter.
Boargemaster Ter Keurs is hjir graach by oanwêzich om’t er it plan fan de organisaasje fan herten stipet, dat ek – en foaral – skoalbern witte wa’t Dam Jaarsma wie en wat de betsjutting fan syn wurk west hat.
Dit sirkwy hat, yn gearwurking mei beide Eastermarder basisskoallen en de Stichting 100 jaar Dam Jaarsma, stal krigen troch Wijbe Postma, frijwilliger foar de Stichting en Japik de Jong, âldste omkesizzer fan Dam Jaarsma.
De bern krije ek in opdracht mei dy’t hja op 18 oktober de middeis op it bernepoadium yn Theater Meerzigt útfiere kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje