Betinking op it Reaklif: wol of net?

septimber 27, 2014 14:09

Op it Reaklif wurde “valse sentimenten aangewakkerd”, seit Wim Hospes fan Balk yn de Ljouwerter Krante fan juster. Hy giet dan ek net nei de betinking fan de slach by Warns yn 1345, dy’t hjoed hâlden wurdt op it Reaklif. Siem de Vlas is it net mei him iens. Dy giet der al foar de sânde kear hinne, “om de betsjoening te ûndergean” en om’t de sprekkers “nijsgjirrich binne om te beharkjen”.

Alle jierren wurdt de betinking bywenne troch in groepke fan ferskate tsientallen minsken, faak minsken dy’t al op ‘e ien of oare wize warber binne foar de Fryske saak. Hawwe ús lêzers der wolris west? Wêrom wol of net? Wat soene hja graach wolle dat der dien wurde soe?

septimber 27, 2014 14:09
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Johannes septimber 27, 22:44

    Ik bin der hjoed west, foar de earste kear. Neat ferrifele my. O, ja der wienen 19 Fryske flaggen. In aardige betinking. Der waard net betocht, wol in minút stilte. Mar folle mear oer it Frysk praten sein. Dus tige nijsgjirrich wie it net. Wat my opfalt dat sels by de pommeranten it Frysk net boppe it gemiddelde sprekken fan de gewoane Fries útkomt. Der wurde wol Fryske wurden brûkt, mar men is foaral “bezig” mei Hollânske en Ingelske “pilot” wurden. Sosjale media kaam ek oan ‘e oarder, mar de foarsitter kaam net fierder dan e-post, sei hy. Filmkes waarden makke en in soad foto’s nommen.
    Takommend jier wurdt it 70 jier betinken, dan moat it oars.
    Jonge Fryske sprekkers útnoegje om op alle mêd fan hjoeddeiske libjen te fertellen, net oer it Frysk allinne. Wol moat se it petear yn ‘t Frysk hâlde. Better Fry^ysk dan Frisk. It twalûd en trijelûd kinne net folle minsken mear prate. Dat makket it Frysk sa’n moaie taal.
    In fraach yn ‘t fermidden fan de taskôgers lizze wêr ‘t se oer neitinke kinne en letter wat foar de mikrofoan oer sizze kinne.
    Der is in “Facebook” side, mar sûnt 30 juny is der neat opsetten, ek net troch it bestjoer. It Ingelsk yn ‘t haad fan de side “Community Organization” foar mienskip organisaasje, makket it ek net Frysk en noeget Friezen net út om der wat op te skriuwen.
    Op de webside kin je gjin antwurd jaan, tige spitich.
    Meitsje foar takommend jier “app” foar “tablet” en “smartphone”. By my binne de Fryske wurden hjir foar ek noch net yn myn holle fêstlein.

  2. Tsjitske septimber 28, 10:01

    Ik haw der net west. Alteast, net op sneon. Ik hâld net fan lêzings en sprekkers dy’t it Frysk net heech hawwe. Ik betink de slach by Warns op myn eigen wize: yn stilte en ien dei earder.

    Johannes:

    Smartphone is in snoadfoan. Applikaasje bliuwt neffens my ek as ôfkoarting ‘app’ en in tablet… in fingerfeikompjûter?

  3. Johannes septimber 28, 11:29

    Tsjitske, tige tank fan of myn fingerfeikompjuter. Ik wie juster noch net sa snoad.

  4. J'88 septimber 30, 00:55

    At jo stelle, lykas Hospes docht yn de Ljouwerter Krante, dat hy in wiere Fries is en dat hy dêrnei syn wurden yn it Hollânsk opskriuwe lit kin ik sa’n man net foar fol oansjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.