Skotten wolle yn FK bliuwe

augustus 2, 2014 00:10

Der is op it stuit gjin mearderheid ûnder de Skotten foar ôfskieding fan it Feriene Keninkryk. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Britske krante The Independent. Neffens de krante wol 57% fan de Skotten by it FK bliuwe en soe 43% foar ôfskieding stimme.

Der binne de ôfrûne oardel santich opinypeilings dien nei de ôfskiedingswil ûnder de Skotten. De sifers komme hieltyd aardich oerien. De mearderheid liet sjen dat de foarstanners fan ôfskieding goed 40% fan de befolking útmeitsje en de tsjinstanners krapoan 60%. Allinne by in ûndersykje fan de Scottish National Party wiene de foarstanners yn ‘e mearderheid.

Op 18 septimber sille wy witte hoe’t de Skotten echt stimme. Dan geane se nei de stimbus om ja of nee te sizzen tsjin ûnôfhinklikheid fan Skotlân.

augustus 2, 2014 00:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Yes augustus 2, 13:59

    No it is wol dúdlik wêr’t de skriuwer fan dit stikje foar stimt.
    Wat in goed skreaun stik hjir op it nijs.

    TsjinTsjinTsjin OH MY

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.