Oarsaak autisme ûntdutsen

augustus 23, 2014 00:10

Wittenskippers miene efterhelle te hawwen wêrom’t guon minsken autisme hawwe. Neffens in stúdzje fan de Columbia-universiteit hawwe persoanen mei dy ûntwikkelingssteurnis te folle synapsen yn harren harsens. It ûndersyk is publisearre yn it tydskrift Neuron.

In synaps is in plak dêr’t twa senuwsellen kontakt meitsje mei inoar en meielkoar kommunisearje. Neffens de ûndersikers fan de universiteit fan New York hawwe autisten te folle fan dy kontaktplakken yn harren brein. Yn tsjinstelling ta minsken sûnder dizze oandwaning is yn it ferrin fan de ûntwikkeling fan de harsens fan autisten net ‘snoeid’ yn it oantal synapsen, wêrtroch it surplus ûntstien is.

Wittenskippers slagje der wyls yn om autistyske mûzen te behanneljen. Mei it medisyn rapamycin, dat foaral oan transplantaasje-ûntfangers jûn wurdt, koene de ûndersikers it oantal synopsen en dus de symptomen ferminderje litte.

Troch de byeffekten is it genêsmiddel lykwols net gaadlik foar de behanneling fan autisme. De ûntdekking set lykwols doarren iepen foar oare behannelwizen, ornearje de ûndersikers hoopfol.

augustus 23, 2014 00:10
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. aჅჅჅ augustus 23, 11:46

    it libben hat synapsendûns

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.