Taaldiskriminaasje yn Kataloanië

july 1, 2014 09:06 Fernijd

BARCELONA – Der is sprake fan struktureel ûnwettich narjen fan Katalaanskpraters troch de Spaanske oerheid. Dat konkludearret de Katalaanske taalbewegingsorganisaasje Plataforma per la Llengua. De organisaasje hat ferline jier in oersjoch makke fan fjirtich slimme gefallen fan taaldiskriminaasje út de perioade 2009-2013 en seit mei klam dat dy mar in fraksje fan it totale tal gefallen útmeitsje. It rapport wie ôfrûne jannewaris oanlieding foar in kongres oer taaldiskriminaasje en in moanne letter foar in debat yn it Europeesk Parlemint. Der is in Ingelske oersetting fan it rapport online beskikber.

Yn de measte gefallen giet it om ryksamtners dy’t Katalaanskpraters net te wurd stean wolle, harren narje of sels mishannelje. De measte fan dy ryksamtners binne plysjes fan de Guardia Civil, in lanlik plysjekorps dat bekend stiet om syn wrede en Spaansksinnige hâlding. As de dieders amtners fan regionale of pleatslike oerheden binne, giet it meastal om feiten yn de dielsteaten Falensia of de Balearen, dêr’t it Katalaansk wol in offisjele taal is, mar folle minder status hat as yn Kataloanië.

“Wy binne yn Spanje, praat Spaansk!”

Plataforma per la Llengua wiist derop dat it gjin gefallen binne fan subjektive strideraasje, mar om dúdlike wetsoertrêdings troch oerheidspersoniel. Yn in tal gefallen waarden de amtners dêr’t it om gie ek feroardiele.Ferskate gefallen waarden de ôfrûne gefallen ek op It Nijs meld. Der sitte gefallen by fan klearebare machtsmisbrûk. Sa waard in jonge boer by it Katalaanske Pau oanholden troch de Guardia Civil foar in rûtinekontrôle. Se wienen wat rûch mei de dingen yn syn auto en hy frege harren om in bytsje foarsichtich om te gean mei in doaze, om’t der lampen yn sieten. Dat die er yn it Katalaansk. “Wa mienst wol net datst biste? Wy binne yn Spanje, praat Spaansk tsjin my!” sei de plysje. Doe’t de boer wer ynstappe soe, sloech de plysje him de doar fan ‘e auto tsjin ‘e skonken. Hy sei yn it Katalaansk: “Hâld op, dat docht sear” en wer sei de plysje dat er dat yn it Spaansk sizze moast.

De Guardia Civil

Minsken dy’t oeren fêstholden wurde op it fleanfjild, om’t se Katalaansk prate tsjin de plysje, plysjeminsken dy’t oanjeften net opnimme wol en minsken útskelt as se Katalaansk prate, in Katalaan út Frankryk dy’t narre waard, om’t er gjin Spaansk koe (“Wol Katalaansk en gjin Spaansk kenne, dat haw ik noch nea meimakke!”), minsken dy’t by plysjekontrôles útskeld waarden as se Katalaansk praten (“Dit is Spanje en de taal is Spaansk. Gewoan omdat ik it sis. Punt út. En ast noch ien kear de mûle iepenlûkst, krijst hânboeien om.”). In Koerdyske frou op ‘e Balearen hie sympaty foar it Katalaansk en begroete in plysje yn it Katalaansk. Se krige te hearren: “Dit mei ik echt net, in bûtenlânske dy’t opkomt foar in taal dy’t net iens bestiet, omdat er betocht is. In Katalaansksinnige Arabier is wol it lêste dêr’t ik op sit te wachtsjen.” Allegear binne it gefallen dy’t yllustrearje wêrom’t de Guardia Civil en oare lanlike plysjetsjinsten op sa’n minne namme leit yn Kataloanië.

Ambulânse te let

Der binne ek minder agressive, mar wol skrinende gefallen. In 80-jierrige man yn Falensia skille mei 112, om’t syn frou net goed wurden wie. Yn de emoasje slagge it him net om Spaansk te praten en twa telefonisten koene gjin Katalaansk ferstean. Dêrtroch duorre it in healoere foar’t de sikewein by him wie. In man woe syn identiteisbewiis ferlingje litte en waard de gek oanstutsen troch de amtners, om’t er Katalaansk prate. In dokter dy’t tsjin in pasjinte sei dat er wol Katalaansk koe, mar it tige ûnfetsoenlik fûn dat se samar tsjin him yn it Katalaansk begûn, wylst hy Spaansk praat hie. Studinten klagen oer in dosint Spaansk oan in universiteit fan Falensia, dy’t syn studinten hieltyd fertelde dat Katalaansk net op ‘e universiteit thús hearde en dat it beledigjend wie as minsken de taal yn it iepenbier praten. In frou krige har widdoútkearing net, om’t de akte fan ferstjerren fan har man yn it Katalaansk wie. En sa binne der noch folle mear gefallen.

De Ingelsktalige ferzje fan it rapport stiet online en is hjir te besjen (pdf).

july 1, 2014 09:06 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 july 1, 10:55

    Ast sokke gefallen op in rychje setst ha wy ek in aardige feiterige fan taaldiskriminaasje yn Fryslân.

  2. X. desimber 23, 16:28

    Miskien moat dêr ek ris in boek fan makke wurde? Of in website?

  3. X. desimber 23, 16:29

    Dat wie in reaksje op Erwin2.0.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.