Sjitterij winkelsintrum Alphen (update)

july 21, 2014 23:33

ALPHEN AAN DEN RIJN – Op it parkearplak fan winkelsintrum Herenhof yn Alphen aan den Rijn hat hjoed oan it begjin fan de jûn sjitterij west. In man is dêrby om it libben kommen.

It slachtoffer waard rekke yn it boarst. In traumahelikopter waard oproppen om medyske bystân te ferlienen, mar de help kaam te let. Omsteanders ferklearren dat de dieder ‘wyld om him hinne skeat.’ De sjitterij soe in wrakseling oan foarôf gien wêze. De wierskynlike dieder hat himsels by de plysje meld.

De sjitterij krige syn beslach ticht by it plak dêr’t Tristan van der Vlis yn 2011 seis minsken deaskeat en dêrnei himsels tekoartdie.

july 21, 2014 23:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Paul july 22, 00:57

    Update: De fertochte dy’t oppakt is de dieder en hy hat himsels oanbrocht

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.