Dat dy cartoon mispleatst wie is wol dúdlik, mar jo soene ris sjen moatte nei de moaie en leuke saken yn ‘ e wrâld. Op jo weblog kreakje jo fierste faak minsken ôf mei faaks net iens in goed argumint/ Hald ris op sis!
Doe yn 2001 de twin tower utynoar flein wurde Wende ik yn Dutslan. Op it wurk der wie Doe in skoft silte halden foar de deaden ut Respekt foar de amerikanen. Ik fun dat net nedich Der der ek bigelyks 5000000 HIV ynfectyrde Yn sud afrika binne. It wie my kwea ofnommen. Hjoed de dei libben wy yn in wrald krisis. Kinne we by Alles stilstean, of moaten we mar oan alles Foarby gean, of in swart grapke meitsjen. Is it libben sa serieusk, of moaten we mei Us fingerke wizen? Of somtiden?
Ik soe it yndied wol sa noflik en fatsoenlik fine wannear’t der hjir diskusje fierd waard sûnder skûlnammen.
Wa binne jimme: Aage M? Triarii? MK? Spotprint?
(Boppedat soe it ek wol prettich wêze wannear’t de diskussiearders besochten in lyts bytsje better stavere Frysk te skriuwen. Gewoan omdat dat dat nofliker lêst. En it dan wat dúdliker is wat jo bedoele. Mar ja, dat sille jim grif in arrogante opmerking fan my fine.)
Van der Wal krijt it noch drok mei it hjitfolgjen fan media. Want sels sa’n dealeske kwaliteitskrante as Trouw komt no ek al mei in ‘walchlik grapke’ yn ‘e foarm fan in spotprint oer de fleantúchramp: sjoch http://www.trouw.nl/tr/nl/4484/Foto/photoalbum/detail/1834962/535742/1/Spotprenten.dhtml. Persoanlik liket it my goed as der in kromke tsjinwicht is. Want we sjitte wol wat troch yn ús selsmeilijen, fyn ‘k. En ik bin net de iennichste. Yn hast alle fermiddens dêr’t ik yn ferkear, hein ik op dat de minsken de ûnhuere slompe omtinken dy’t dizze spesifike ramp krijt sa njonkenlytsen no ek wol ris wat sêd wurde. Al hoe slim de ramp ek is, dat stiet perfoarst net yn ‘e kiif! Om it noch mar net iens oer de geopolitike konsekwinsjes te hawwen. Mar as we wat fierder sjogge as nei ús eigen lânslju, dan binne der omtrint alle dagen wol ferskriklike dingen te melden. Hienen we bygelyks yn ús roubeklach earjuster de Palestinen dy’t de lêste dagen deabombardearre binne ek net efkes meinimme moatten? Of, om de minsken dy’t hurdhertich fine dat it dyen harren eigen skuld is mar foar te wêzen, om myn part allinnich de bern dy’t yn de Gazastripe omkaam binne? En dan ha wy noch Syrië en Irak en gean sa mar troch dêr’t allyksa in protte minsken omkomme by konflikten dêr’t se neat mei te krijen ha (dat lêste sis ik der mar by want guon fine dat it grutte ferskil). Wat soks oanbelanget soenen we alle wiken wol in roubeklach organisearje kinne. Sa’n lûd hear ik nei myn betinken ûnfoldwaande yn de media. Dy’t ik der fan fertink dat se stikem suver wol wiis binne mei dit nijs yn de komkommertiid dat se breder dan breedst útmjitte kinne. Mei bygelyks sokssawat útwrydsk as oerenlange slow television fan in lykstaasje. Ik fyn it fierders allegearre bêst, hear – men hoecht ommers net oeral nei te sjen en alles te lêzen – mar it komt wol o sa Nederlânsksintrysk op my oer en ik hoopje al dat de minsken dan ek ris wat mear stilstean by de ellinde yn oare geaen. En harren tenei better realisearje wêr’t se oeral oer hinne fleane as se oan de oare kant fan de wrâld fakânsje fiere.
(Tige tank, Nanne Hoekstra, dat jo ûnder in folsleine namme en yn goed stavere Frysk reagearje. In lange lape tekst mei wytrigels yn alinea’s yndiele soe de lêzer nóch in bytsje ta tsjinst wêze.)
Der binne tenminste twa dingen yn jo reaksje dêr’t ik wat fan sizze wol:
1) Spotprinten meitsje oer gefoelige saken lykas rampen. Mei de spotprint yn Trouw is it wurdgrapke oer it “Maleisyske Downsyndroom” eins net te ferlykjen: it is in tekening dy’t de politike diminsje fan de fleanramp oankaartet (de skimerige belutsenens fan Ruslân en ús drege ferhâlding mei Ruslân), en net de tafallichheid fan twa swiere fleanrampen koart efter elkoar by deselde loftfeartmaatskippij.
2) Oft it sinfol is om sa yntensyf stil te stean by de fleanramp? Eins stiet dat los fan de eardere kwestje, en hat it hielendal neat te krijen mei de bredere krityk dy’t ik en oaren hawwe op de kwaliteit fan de side ItNijs. Hawar: ik fyn dat it goed is dat der yn Nederlân in soad weardich omtinken jûn wurdt oan de slachtoffers fan de fleanramp. Sok publyk roubeklach fyn ik goed op syn plak as it giet om sa’n, seker foar Nederlânske ferhâldings, kolossale ramp. — Jawis, der is in hiele protte oar leed, oar geweld en oare ellinde op ‘e wrâld, dêr’t wy oandacht foar ha moatte. De ramp mei MH17 komt (al sille guon fan jim dat faaks ûntstride) foar de ynwenners fan Nederlân folle tichterby as de oare ellindige dingen dy’t oan de gong binne. Dêrom is it te begripen, en net ferkeard, om yn dit gefal, mei mjitte, Nederlân-sintrysk te wêzen.
It liket my oars wol it antlit fan in deade, Looijenga, op dy spotprint en ik kin my yntinke dat guon soks skokkend fine.
Jo bredere krityk op ItNijs is yndied in oar ûnderwerp, dêr’t myn bydrage hjirboppe net oer gie, mar likegoed wol ik der myn miening wol oer jaan. Sawol jo beskriuwing fan de ynhâld as it taalgebrûk fyn ik gjin rjocht dwaan oan ItNijs as gehiel. Al binne der artikels te finen dy’t oerien komme mei de omskriuwings op jo bloch, fierwei de measte bydragen kinne wiswier wol besjen lije as men dy neffens kritearia foar sjoernalistike teksten hifket. It Frysk wurdt net folle foar soks brûkt, dat ik ha respekt foar de redakteurs dy’t algeduerigen harren wurden wage moatte. Omrop Fryslân kiest der foar om ticht by de sprektaal te bliuwen, ItNijs besiket dat wat oars te dwaan. Sa’n side as dizze biedt no just de kâns om minsken wer yn de kunde te bringen mei Frysk dat jo spitigernôch op strjitte net sa folle mear hearre (wat net it gefolch is fan in frijwat autonome taalûntjouwing lykas by grutte talen, mar foar it grutste part komt fan beynfloeding troch it Nederlânsk). Fansels moat it wol begryplik wêze. ‘In elegante kombinaasje fan sprektaal en literatuertaal’, sa ’t jo dat neame, sil de redaksje ek wol neistribje. Mar doch it alle dagen mar wer, yn de hjitte hei fan it deistige nijs. Dêrom alle lof dêrfoar fan myn kant.
Jo jouwe in foech negatyf lêsadvys foar ItNijs ôf, Looijenga, mar is dat dan wol goed foar de Fryske saak, dy’t jo sels op it aljemint bringe? It soe dêrfoaroer better wêze as dyen dy’t yn it Frysk publisearje mei elkoar gearwurkje yn stee fan elkoar ôfkjimme. As jo sa goed witte hoe’t it moat – en sjoen jo steat fan tsjinst ha jo wol wat rjocht fan sprekken – wêrom nimme jo dan gjin kontakt op mei de redaksje en kom bygelyks sels mei bydragen foar ItNijs om it goeie foarbyld te jaan?
En wa bist do eins Loaienga? Gjin skulnamme, mar Wat is eins it ferskil. Datst do geef Frysk skriuwe kinst is goed foar dy. ik soe wol in kursus dwaan wolle mar ik wen yn it butlan. Allinich mei in namme as Van Der Wal kinst Yn de iepenbierheid in grutte mule Jaan. Wiere Keardel!!
Bêste Nanne Hoekstra, myn krityk op ItNijs is foar in part yn bytsje koart om ‘e hoeke. It is yndie moai dat der frijwilligers binne dy’t har tiid yn dizze webside stekke. Ik tink wol dat ItNijs in folle bettere en folsleinere ynternetkrante wêze kinne soe, as guon saken fûnemintiel oars oanpakt waarden. Profesjoneel oanpakt waarden. Ik leau dat ik dêrby foar no better ferwize kin nei Abe de Vries, dy’t dêr, al in pear jier lyn leau’k, oer skreaun hat.
Om ItNijs écht wurkje te litten as nijsmedium is in profesjonele redaksje nedich. Sjoernalisten dy’t dus echt betelle wurde foar de research dy’t se dogge en de goed lêsbere teksten dy’t se skriuwe.
Oft ik meiwurker wurde wolle soe oan ItNijs? As it betelle wurk wêze soe, hiel miskien. Mar oars út noch yn net: ik bin al genôch besteld mei it redakteurskip fan Ensafh — it iennige echte Frysk literêr tydskrift –, en mei myn eigen Fryske skriuwerij.
(Wat de spotprint út Trouw oangiet: de reekwolk is de — meagere, fan himsels al wat deadsholle-eftige — holle fan Poetin. De tekener stelt dus de Russyske presidint foar as ien dy’t op ien as oare manier by de ramp belutsen is. In hiel sterke spotprint fyn ik oars net: in reekwolk yn de foarm fan de holle fan in skuldige/belutsene mien ik wolris earder sjoen te hawwen yn in cartoon — it is dus wat in klisjee.)
(@ Aage M.: sjoen myn leeftyd — ik bin fan 1982 — bin ik it wol wend om doke te wurden, mar sjoen it feit dat wy inoar fierders net kinne, komt it dochs wat ûnfreonlik oer. Mar jo wenje wat bûtenút, “yn it bûtlân”, begryp ik: dat ik soe jo oanriede en sykje wat faker de buorren op. Dat sil ek jo grammatika-kennis fertuten dwaan.)
It berjocht oer dy fleantúchramp is fuorthelle. Grif om de besikers temjitte te kommen. Wat sy woenen is bard. Skynber kinne somlike minsken net ophâlde mei it moddersmiten.
Dat der trijehûndert minsken dea binne is ek slim, mar ik ha it idee dat it hjir foaral om dy twahûndert Nederlanners giet. Der geane elke dei minsken dea. Der binne folle mear rampen op ‘e wrâld as dizze iene. Boppedat binne der rampen mei folle mear deaden dêr’tst net ien oer heardst.
Ik soe it wurdearje as de kollektive waanwizens om dizze ramp hinne ophâld. Fleantúch fuort, pear hûndert minsken fuort, skande, is net oars. Folslein frjemde minsken dy’t ophitst binne troch de media, en dy’t totaal gjin bining hawwe mei de slachtoffers, gûle en eamelje omraak.
Faaks is http://www.edufrysk.nl wat foar Aage M? Dat is krekt ornearre foar minsken fan bûtenút of yn alle gefallen foar minsken op ôfstân. (Ik bin trouwens Aukje-Tjitske foar wa’t dat wat seit). Fierders bin ik in grut foarstanner fan geef Frysk, al fyn ik it al moai at ien de muoite nimt om (yn it Frysk) reagearje wol. Troch gewoan te begjinnen mei skriuwen en dat sa geef mooglik te dwaan, haw ik sels al in soad leard, mar yn earstoan die ik dat dus ek krom. Dat hat fansels ek te krijen mei ûnderwiis. Lykwols jildt foar it Nederlânsk ek dat der in soad taalflaters foarkomme op foara en by reaksjes.
Jo hifjke ItNijs neffens profesjonele kranten mei grutte folslein betelle redaksjes. Sûnt koart hat ItNijs profesjonele stipe. Mar dat is mar in dieltiidfunksje. Foar fierdere profesjonalisaasje is mear jild nedich. Wa’t dêr mooglikheden foar sjocht, kin kontakt opnimme fia ynfo@fryskebeweging.nl (sjoch bygelyks: https://www.itnijs.frl/2014/07/geskink-foar-fryske-beweging/).
Fierders soene Fryske websiden mear gearwurkje kinne. ItNijs is gaadlik om omtinken te freegjen foar nijsgjirrige saken op oare Frysktalige websiden. Oarsom mei elkenien artikels fan ItNijs oernimme, as dat mar mei boarnefermelding en trochkeppeling dien wurdt.
In tael kinst allinich goed leare ast lezen, lusterjen, skriuwe en sprutsen kinst. Mei it Frysk op ofstan kinst leze, skriuwe en lusterje. Derom kin ik it Frysk wol ferstean en leze mar net sa goed skriuwe. As ik mear tiid neam foar it skriuwe soe it better weze kinne. helas skriuw ik altiid as ik underweis bin. As ik in Fryslan bin is sprutsen hakkeljen. Ik soe in simmer mei in taelsskoalle in it krewear gean moatte. Binne dy der?
Der hawwe in soad protesten west tsjin in ‘cartoon’ yn dizze rige. Der waard in walchlik ‘grapke’makke oer de fleantúchramp. Kitty Madison hat har meiwurking on Itnijs.nl op in sêft sin setten: http://kitty-madison.blogspot.com/2014/07/seft-sin.html en André Looijenga hat in link nei Itnijs.nl fan syn side helle. http://deibloch.wordpress.com/2014/07/23/itnijs-hoech-ik-foarearst-net-mear-te-lezen En wat docht de redaksje fan Itnijs? Neat. Se litte dizze ‘artyst’ gewoan trochgean mei syn tige ‘grappige’ kréaasjes. Jim soene jim deaskamje moatte.
Dy’t in oar kjimme wol, moat sels gjin lús hawwe!
no not de holleluzen
Ach, it is fan Cornelis…….In bytsje relativearje.
Dat dy cartoon mispleatst wie is wol dúdlik, mar jo soene ris sjen moatte nei de moaie en leuke saken yn ‘ e wrâld. Op jo weblog kreakje jo fierste faak minsken ôf mei faaks net iens in goed argumint/ Hald ris op sis!
it wy in kar, doe
wie!
Doe yn 2001 de twin tower utynoar flein wurde
Wende ik yn Dutslan. Op it wurk der wie
Doe in skoft silte halden foar de deaden ut
Respekt foar de amerikanen. Ik fun dat net nedich
Der der ek bigelyks 5000000 HIV ynfectyrde
Yn sud afrika binne. It wie my kwea ofnommen.
Hjoed de dei libben wy yn in wrald krisis. Kinne we by
Alles stilstean, of moaten we mar oan alles
Foarby gean, of in swart grapke meitsjen.
Is it libben sa serieusk, of moaten we mei
Us fingerke wizen? Of somtiden?
Heden, heden. It tilt wer op fan de ‘helden’ dy’t net ûnder eigen namme doare te reagearjen. Mei sokken diskusearje ik net!
Sis mar Aage en no net paranoia wurden!
De tige betiisde reaksjes fan Aage M geane my spitigernôch boppe de pet! En wat in geef Frysk skriuwt de man!
Ik soe it yndied wol sa noflik en fatsoenlik fine wannear’t der hjir diskusje fierd waard sûnder skûlnammen.
Wa binne jimme: Aage M? Triarii? MK? Spotprint?
(Boppedat soe it ek wol prettich wêze wannear’t de diskussiearders besochten in lyts bytsje better stavere Frysk te skriuwen. Gewoan omdat dat dat nofliker lêst. En it dan wat dúdliker is wat jo bedoele. Mar ja, dat sille jim grif in arrogante opmerking fan my fine.)
Van der Wal krijt it noch drok mei it hjitfolgjen fan media. Want sels sa’n dealeske kwaliteitskrante as Trouw komt no ek al mei in ‘walchlik grapke’ yn ‘e foarm fan in spotprint oer de fleantúchramp: sjoch http://www.trouw.nl/tr/nl/4484/Foto/photoalbum/detail/1834962/535742/1/Spotprenten.dhtml.
Persoanlik liket it my goed as der in kromke tsjinwicht is. Want we sjitte wol wat troch yn ús selsmeilijen, fyn ‘k. En ik bin net de iennichste. Yn hast alle fermiddens dêr’t ik yn ferkear, hein ik op dat de minsken de ûnhuere slompe omtinken dy’t dizze spesifike ramp krijt sa njonkenlytsen no ek wol ris wat sêd wurde. Al hoe slim de ramp ek is, dat stiet perfoarst net yn ‘e kiif! Om it noch mar net iens oer de geopolitike konsekwinsjes te hawwen. Mar as we wat fierder sjogge as nei ús eigen lânslju, dan binne der omtrint alle dagen wol ferskriklike dingen te melden. Hienen we bygelyks yn ús roubeklach earjuster de Palestinen dy’t de lêste dagen deabombardearre binne ek net efkes meinimme moatten? Of, om de minsken dy’t hurdhertich fine dat it dyen harren eigen skuld is mar foar te wêzen, om myn part allinnich de bern dy’t yn de Gazastripe omkaam binne? En dan ha wy noch Syrië en Irak en gean sa mar troch dêr’t allyksa in protte minsken omkomme by konflikten dêr’t se neat mei te krijen ha (dat lêste sis ik der mar by want guon fine dat it grutte ferskil). Wat soks oanbelanget soenen we alle wiken wol in roubeklach organisearje kinne. Sa’n lûd hear ik nei myn betinken ûnfoldwaande yn de media. Dy’t ik der fan fertink dat se stikem suver wol wiis binne mei dit nijs yn de komkommertiid dat se breder dan breedst útmjitte kinne. Mei bygelyks sokssawat útwrydsk as oerenlange slow television fan in lykstaasje. Ik fyn it fierders allegearre bêst, hear – men hoecht ommers net oeral nei te sjen en alles te lêzen – mar it komt wol o sa Nederlânsksintrysk op my oer en ik hoopje al dat de minsken dan ek ris wat mear stilstean by de ellinde yn oare geaen. En harren tenei better realisearje wêr’t se oeral oer hinne fleane as se oan de oare kant fan de wrâld fakânsje fiere.
(Tige tank, Nanne Hoekstra, dat jo ûnder in folsleine namme en yn goed stavere Frysk reagearje. In lange lape tekst mei wytrigels yn alinea’s yndiele soe de lêzer nóch in bytsje ta tsjinst wêze.)
Der binne tenminste twa dingen yn jo reaksje dêr’t ik wat fan sizze wol:
1) Spotprinten meitsje oer gefoelige saken lykas rampen. Mei de spotprint yn Trouw is it wurdgrapke oer it “Maleisyske Downsyndroom” eins net te ferlykjen: it is in tekening dy’t de politike diminsje fan de fleanramp oankaartet (de skimerige belutsenens fan Ruslân en ús drege ferhâlding mei Ruslân), en net de tafallichheid fan twa swiere fleanrampen koart efter elkoar by deselde loftfeartmaatskippij.
2) Oft it sinfol is om sa yntensyf stil te stean by de fleanramp? Eins stiet dat los fan de eardere kwestje, en hat it hielendal neat te krijen mei de bredere krityk dy’t ik en oaren hawwe op de kwaliteit fan de side ItNijs. Hawar: ik fyn dat it goed is dat der yn Nederlân in soad weardich omtinken jûn wurdt oan de slachtoffers fan de fleanramp. Sok publyk roubeklach fyn ik goed op syn plak as it giet om sa’n, seker foar Nederlânske ferhâldings, kolossale ramp.
— Jawis, der is in hiele protte oar leed, oar geweld en oare ellinde op ‘e wrâld, dêr’t wy oandacht foar ha moatte. De ramp mei MH17 komt (al sille guon fan jim dat faaks ûntstride) foar de ynwenners fan Nederlân folle tichterby as de oare ellindige dingen dy’t oan de gong binne. Dêrom is it te begripen, en net ferkeard, om yn dit gefal, mei mjitte, Nederlân-sintrysk te wêzen.
It liket my oars wol it antlit fan in deade, Looijenga, op dy spotprint en ik kin my yntinke dat guon soks skokkend fine.
Jo bredere krityk op ItNijs is yndied in oar ûnderwerp, dêr’t myn bydrage hjirboppe net oer gie, mar likegoed wol ik der myn miening wol oer jaan. Sawol jo beskriuwing fan de ynhâld as it taalgebrûk fyn ik gjin rjocht dwaan oan ItNijs as gehiel. Al binne der artikels te finen dy’t oerien komme mei de omskriuwings op jo bloch, fierwei de measte bydragen kinne wiswier wol besjen lije as men dy neffens kritearia foar sjoernalistike teksten hifket. It Frysk wurdt net folle foar soks brûkt, dat ik ha respekt foar de redakteurs dy’t algeduerigen harren wurden wage moatte. Omrop Fryslân kiest der foar om ticht by de sprektaal te bliuwen, ItNijs besiket dat wat oars te dwaan. Sa’n side as dizze biedt no just de kâns om minsken wer yn de kunde te bringen mei Frysk dat jo spitigernôch op strjitte net sa folle mear hearre (wat net it gefolch is fan in frijwat autonome taalûntjouwing lykas by grutte talen, mar foar it grutste part komt fan beynfloeding troch it Nederlânsk). Fansels moat it wol begryplik wêze. ‘In elegante kombinaasje fan sprektaal en literatuertaal’, sa ’t jo dat neame, sil de redaksje ek wol neistribje. Mar doch it alle dagen mar wer, yn de hjitte hei fan it deistige nijs. Dêrom alle lof dêrfoar fan myn kant.
Jo jouwe in foech negatyf lêsadvys foar ItNijs ôf, Looijenga, mar is dat dan wol goed foar de Fryske saak, dy’t jo sels op it aljemint bringe? It soe dêrfoaroer better wêze as dyen dy’t yn it Frysk publisearje mei elkoar gearwurkje yn stee fan elkoar ôfkjimme. As jo sa goed witte hoe’t it moat – en sjoen jo steat fan tsjinst ha jo wol wat rjocht fan sprekken – wêrom nimme jo dan gjin kontakt op mei de redaksje en kom bygelyks sels mei bydragen foar ItNijs om it goeie foarbyld te jaan?
En wa bist do eins Loaienga? Gjin skulnamme, mar
Wat is eins it ferskil. Datst do geef
Frysk skriuwe kinst is goed foar dy. ik soe wol
in kursus dwaan wolle mar ik wen yn it butlan.
Allinich mei in namme as Van Der Wal kinst
Yn de iepenbierheid in grutte mule Jaan. Wiere Keardel!!
Bêste Nanne Hoekstra,
myn krityk op ItNijs is foar in part yn bytsje koart om ‘e hoeke. It is yndie moai dat der frijwilligers binne dy’t har tiid yn dizze webside stekke. Ik tink wol dat ItNijs in folle bettere en folsleinere ynternetkrante wêze kinne soe, as guon saken fûnemintiel oars oanpakt waarden. Profesjoneel oanpakt waarden. Ik leau dat ik dêrby foar no better ferwize kin nei Abe de Vries, dy’t dêr, al in pear jier lyn leau’k, oer skreaun hat.
Om ItNijs écht wurkje te litten as nijsmedium is in profesjonele redaksje nedich. Sjoernalisten dy’t dus echt betelle wurde foar de research dy’t se dogge en de goed lêsbere teksten dy’t se skriuwe.
Oft ik meiwurker wurde wolle soe oan ItNijs? As it betelle wurk wêze soe, hiel miskien. Mar oars út noch yn net: ik bin al genôch besteld mei it redakteurskip fan Ensafh — it iennige echte Frysk literêr tydskrift –, en mei myn eigen Fryske skriuwerij.
(Wat de spotprint út Trouw oangiet: de reekwolk is de — meagere, fan himsels al wat deadsholle-eftige — holle fan Poetin. De tekener stelt dus de Russyske presidint foar as ien dy’t op ien as oare manier by de ramp belutsen is. In hiel sterke spotprint fyn ik oars net: in reekwolk yn de foarm fan de holle fan in skuldige/belutsene mien ik wolris earder sjoen te hawwen yn in cartoon — it is dus wat in klisjee.)
(@ Aage M.: sjoen myn leeftyd — ik bin fan 1982 — bin ik it wol wend om doke te wurden, mar sjoen it feit dat wy inoar fierders net kinne, komt it dochs wat ûnfreonlik oer. Mar jo wenje wat bûtenút, “yn it bûtlân”, begryp ik: dat ik soe jo oanriede en sykje wat faker de buorren op. Dat sil ek jo grammatika-kennis fertuten dwaan.)
It berjocht oer dy fleantúchramp is fuorthelle. Grif om de besikers temjitte te kommen. Wat sy woenen is bard. Skynber kinne somlike minsken net ophâlde mei it moddersmiten.
Dat der trijehûndert minsken dea binne is ek slim, mar ik ha it idee dat it hjir foaral om dy twahûndert Nederlanners giet. Der geane elke dei minsken dea. Der binne folle mear rampen op ‘e wrâld as dizze iene. Boppedat binne der rampen mei folle mear deaden dêr’tst net ien oer heardst.
Ik soe it wurdearje as de kollektive waanwizens om dizze ramp hinne ophâld. Fleantúch fuort, pear hûndert minsken fuort, skande, is net oars. Folslein frjemde minsken dy’t ophitst binne troch de media, en dy’t totaal gjin bining hawwe mei de slachtoffers, gûle en eamelje omraak.
Faaks is http://www.edufrysk.nl wat foar Aage M? Dat is krekt ornearre foar minsken fan bûtenút of yn alle gefallen foar minsken op ôfstân. (Ik bin trouwens Aukje-Tjitske foar wa’t dat wat seit). Fierders bin ik in grut foarstanner fan geef Frysk, al fyn ik it al moai at ien de muoite nimt om (yn it Frysk) reagearje wol. Troch gewoan te begjinnen mei skriuwen en dat sa geef mooglik te dwaan, haw ik sels al in soad leard, mar yn earstoan die ik dat dus ek krom. Dat hat fansels ek te krijen mei ûnderwiis. Lykwols jildt foar it Nederlânsk ek dat der in soad taalflaters foarkomme op foara en by reaksjes.
te reagearjen bedoelde ik fansels.
Achte Looijenga en oare lêzers,
Jo hifjke ItNijs neffens profesjonele kranten mei grutte folslein betelle redaksjes. Sûnt koart hat ItNijs profesjonele stipe. Mar dat is mar in dieltiidfunksje. Foar fierdere profesjonalisaasje is mear jild nedich. Wa’t dêr mooglikheden foar sjocht, kin kontakt opnimme fia ynfo@fryskebeweging.nl (sjoch bygelyks: https://www.itnijs.frl/2014/07/geskink-foar-fryske-beweging/).
Fierders soene Fryske websiden mear gearwurkje kinne. ItNijs is gaadlik om omtinken te freegjen foar nijsgjirrige saken op oare Frysktalige websiden. Oarsom mei elkenien artikels fan ItNijs oernimme, as dat mar mei boarnefermelding en trochkeppeling dien wurdt.
Sa is ‘t mar krekt, Nanne. En al dy hûnderten artikels op dit webstee binne ek hiel gaadlik foar it ûnderwiis. Dus AFÛK …
In tael kinst allinich goed leare ast lezen, lusterjen, skriuwe en sprutsen kinst. Mei it Frysk op ofstan kinst leze, skriuwe en lusterje. Derom kin ik it Frysk wol ferstean en leze mar net sa goed skriuwe. As ik mear
tiid neam foar it skriuwe soe it better weze kinne. helas skriuw ik altiid as ik underweis bin. As ik in Fryslan
bin is sprutsen hakkeljen. Ik soe in simmer mei in taelsskoalle in it krewear gean moatte. Binne dy der?
Der is in simmerkursus op Skylge. Is dat wat foar jo?