Wa is dy Herman Teuling eins?

Juny 13, 2014 23:59

De Frysktalige media toetsje deroer, safolle hat ymport-Lemster Herman Teuling juster losmakke mei syn brief oan De Telegraaf. Hy skriuwt dêryn dat er argewaasje hat fan de Fryske taal en dat dy nei syn betinken net yn Nederlân thúsheart. Hjir is it brief nei te lêzen.

Wat foar man is dy Herman Teuling? Wy hawwe ris wat omsneupt op ynternet. Hy komt út de Rânestêd, hat yn Amsterdam op skoalle sitten en is troud mei in Nederlânsktalige Friezinne. Fierder is er koördinator fan in programma dat it pesten op skoallen tebektriuwe moat. Syn metoade hjit rots en water en is troch de Nederlânske oerheid ôfkard. Teuling blykt in fanatyk skriuwer foar De Telegraaf. De ôfwizing fan de pestmetoade hat er ek in stik oer skreaun foar dy krante. It is hjir te lêzen.

Teuling wurket fierder as kompjûtermeiwurker foar de Hogeschool Utrecht. Hjir is mear oer syn aktiviteiten te finen. Tefreden oer himsels is er ek: “My projects are always in time and within budget” en “Mijn projecten zijn altijd succesvol” stiet der op syn twatalige LinkedIn-side.

Polityk warber is Teuling ek. Hy hat yn 2002 foar Leefbaar Nederland op ‘e kandidatelist foar de Twadde Keamer stien. Hjirre is de kandidatelist fan dat jier te besjen. List 14, nûmer 6 is Herman Teuling fan de Lemmer.

Teuling hellet op ‘e sosjale media geregeld Geert Wilders en de PVV oan, bygelyks yn it ûndersteande foarbyld:

FIerder is Teuling net flau fan wat rasistyske humor:

Teuling liket it prinsipieel te ferpoffen om Fryske wurden te brûken, sels as dy ynboargere binne yn it Nederlânsk. Sjoch de ûndersteande Facebookpost:

Syn útspraken oer de Fryske taal binne net samar in fersprekking of in tydlike frustraasje, de wearzichheid fan it Frysk is echt. Sjoch de ûndersteande fragminten:

Sels as in freon of kunde him yn it Frysk lokwinsket, reagearret er stikelich op de taalkar en easket er dat de oar Nederlânsk brûkt.

Teuling draacht hieltyd de miening út dat der yn in lân mar plak foar ien taal is. Yn Nederlân heart dat neffens him it Hollânsk te wêzen. In pear posts dy’t dat yllustrearje:

Nettsjinsteande ûndersiken fan de Fryske Akademy en oare ynstituten dy’t it tsjinoerstelde bewize (bygelyks ditte en ditte) ferkundiget Teuling sûnder nei boarnen te ferwizen hieltyd dat de twataligens fan Friezen ta “taalefterstân” liede soe. Twa foarbylden, it lêste mei in iroanyske staveringsflater yn it Hollânsk:

Minderheidsstânpunten hat Teuling mar in bytsje wat mei. Ferlykje mar ris de ûndersteande útspraak oer in lytse taal mei dy oer in lytse partij:

In persoan mei rjochtse sympatyen dy’t fan betinken is dat elk him oanpasse moat oan de kultuer en de stânpunten fan de mearderheid jout wol in konsistint byld. Allinne, dan komme jo wer de ûndersteande pleitredes foar persoanlike frijheid tsjin, dy’t dêr folslein mei yn tsjinspraak lykje te wêzen:

Teuling is nammers net allinnich. Hy hat it ûnderwerp ‘Fryske taal’ in pear wike lyn ek al in kear op Facebook smiten en in soad fan syn freonen binne it mei him iens. It plaatsje fan ien befolkingsgroep dy’t de taal oan it hiele lân opkringe wol fan Ilonka Dam Hooghiem (19.48 oere) is in moaie yllustraasje fan wat Teuling-en-dy sels dogge.

It Nijs is fansels folger wurden fan Herman Teuling syn Twitterakkount. Wa’t mear fan de man lêze wol, kin teplak by:

syn Twitterakkount
syn Facebookside
syn LinkedIn-akkount

Alle ynformaasje yn it boppesteande artikel komt út iepenbier tagonklike boarnen. Mocht Teuling der lykwols beswier tsjin hawwe dat It Nijs fan it ien of oar gebrûk makket, dan moat er him efkes oppenearje en dat helje wy it wer fuort. Dat mei ek yn it Hollânsk.

Juny 13, 2014 23:59
Skriuw in reaksje

15 opmerkingen

  1. triarii Juny 13, 23:17

    Friezen tsjoch op, it swurd yn ‘e hân en op nei de Lemmer ta!

  2. elly Juny 14, 04:09

    Dy man spoart gewoan net, yn myn eagen! Sokken soene je ek de tagong wegerje kinne moatte!! Moatte we der no nog mear wurden oan smoarch meitsje??

  3. Germ Juny 14, 10:28

    Hie grutte Pier net altyd in moaie oplossing foar sokke debylen? It soe trouwens ek wol aardich wêze en sykje evn út wêr’t dizze knaap wennet. Dan kinne wy syn hûs moai in kear behingje mei Fryske flachjes.

  4. Redbad Juny 14, 10:54

    At dy man sich net thûs fylt op e Lemmer dan mat er mar verhûsje nei Hollân. Ik sis, nog meer frysk! Wa hat eigenlijk dy Hollanske variaties fan plaknammen betocht, dat hie destiids gelyk ynt frysk matten.

  5. Jos Juny 14, 11:08

    Als het aan deze man ligt spreken we in de wereld één taal hebben we één huidskleur en één type kapsel. Enkel en alleen omdat de bekrompen hersencapaciteit van deze man geen grotere verscheidenheid aan prikkels aan kan. 70 jaar geleden zou hij vel aanhanger zijn geweest van één bepaalde partij.

    Kan iemand deze man ook duidelijk maken dat de basis van het Engels terug te vinden is in het Fries.

  6. A.T. Juny 14, 16:33

    My tinkt dat Herman Teuling net hielendal op ´e hichte is fan it foarkommen fan meardere talen yn ´e measte lannen. En hy fynt it Nederlânsk tige wichtich mar skriuwt ek dat de hiele EU nei ien taal ta moat. Ik bin benijd wêr´t er it bewiis weihellet dat der safolle frachten net goed ôflevere binne. At je in adres op krije, is dat dochs meastal op papier of yn in oar medium (e-mail ensafh.) skreaun? Dan kinne je it adres dochs oerskriuwe yn it navigaasjesysteem?
    En hat dy man wolris yn Limboarch wenne?

    Mar litte wy sa’n man no net tefolle persoanlik folgje, mar gewoan as posityf tinkende Friezen ús eigen arguminten jaan. Jos komt bygelyks hjirboppe al mei in pear goeie oansetten :)

  7. Anja Oostenveld Juny 14, 19:56

    Ferskate minsken ha besocht de diskusje mei Herman oan te gean met ier of let slagge hy deryn eltsenien tsjin him te krijen.
    Doe’t hy ûnder de namme Herman Leuting fier oer de skreef gie (pornografyske ôfbyldingen stjoere en himsels as Hitler ôfbyldzje) binne der safolle beswieren yntsjinne dat twitter dat folslein skrast hat.
    Ik wol noch net sa fier gean om dizze man as gefaar foar Fryslân fuort te setten, mar ik fyn wol dat hy yn’e gaten hâlden wurde moat.

  8. Sybren Juny 15, 05:37

    En oars moatte wy mar in petysje begjinne en freegje sizze man Fryslân te ferlitten.

  9. Hannes Juny 15, 23:20

    Wat in frustreert mantsje, hy mei der fêst net mear op thús.

  10. Ellu Juny 18, 02:03

    Tankewol Jos foar it pleatsen fan de link nei dy prachtige BBC-dokumintere!! It wie mei nocht dat ik der nei sjoen ha, moai yn byld brocht en tige learsum sa as alle dokuminteres fan de BBC.

  11. Fk Juny 22, 09:11

    Sit hy ek by dy kult dy’t leauwt dat Frysk de taal fan de dúvel is…..
    Dit liket wol sa’n figuer dy’t nei in oar lân ta giet om de eigene folken omleech te praten en der út te brieden.
    It is wat…… Dochs tiid foar wat prikkers om se oan it fluchtsjen te krije.

  12. Tsjalling Juny 26, 16:59

    De man besiket ek syn bern bûten de rûnte fan harren klasgenoaten te hâlden.
    As se ek mar in bytsje snoad binne, prate se al lang Frysk!

  13. Tsjalling Juny 29, 15:20

    Ik lies dat 95% fan de Nederlanners it Ingelsk (min of mear) behearsket.
    Wêrom past dy 5% him net oan?

  14. Con July 29, 17:44

    Dat is mooi, stel dat deze man op vakantie naar het buitenland wil/gaat, bijvoorbeeld naar: Engeland – Duitsland – Spanje, enz. En hij spreek en verstaat deze talen niet, dan wordt het een kort ritje…..Nederland dus, of Fryslân……….maar dan moet hij wel zijn paspoort meenemen, anders komt hij er niet in.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.