Pro-Spaansk en militaristysk
Resint ferskynd
BARCELONA – Yn grutte parten fan Spanje besteane se al sûnt 2002: nasjonalistyske gearkomsten yn kazernes, dêr’t boargers en militêren blyk jouwe fan harren trou oan de Spaanske steat. Dielnimmers kinne de Spaanske flagge tútsje en yn it iepenbier ferklearje dat se stjerre wolle foar Spanje. De gearkomsten binne yn it libben roppen mei de ôfskaffing fan de tsjinstplicht yn Spanje, om minsken de mooglikheid te jaan harren ‘leafde foar it heitelân’ te uterjen.
Kataloanië rûn nea sa waarm foar de militêre leafdesferklearrings oan Spanje. Yn Kataloanië wie de ôfrûne twa jier net ien sa’n gearkomste, by gebrek oan belangstelling. Op 30 maaie waard der lykwols foar it earst wer ien holden. Generaal Álvarez-Espejo García hie de lieding. Yn de Bruc-kazerne yn Barcelona boldere er: “Swarre jimme trou oan de flagge en de kening? Wolle jimme jimme libben jaan foar de Spaanske steat?” Tûzenen minsken, wêrûnder 650 boargers, raasden werom: “Ja, dat swarre wy!” Yn it Spaansk fansels, net yn it Katalaansk.
De Spaansksinnige oanwêzigen binne fertsjintwurdigers fan in hieltyd lytser wurdende groep. Neffens resinte peilings is 60% fan de Katalanen no foarstanner fan in ûnôfhinklik Kataloanië. De spannings tusken Madrid en Barcelona rinne hurd op, ûnder oaren yn it debat oer de fiertaal op skoallen. Dat is no it Katalaansk, mar it regear yn Madrid besiket op alle mooglike manieren om de skoallen wer Spaansktalich te krijen, lykas ûnder de diktatuer fan Franco it gefal wie.
De Katalaanske plannen foar in referindum oer ôfskieding fan Kataloanië is yn de kazernes net yn goede ierde fallen. Hege militêren hawwe al trochskimerje litten dat it leger yngripe sil as Kataloanië de plannen foar it referindum trochset.
Boargers tútsje de Spaanske flagge:
Boargers en militêren swarre trou oan Spanje:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje