Obama pakt homodiskriminaasje oan
Resint ferskynd
Bedriuwen dy’t foar de Amerikaanske oerheid wurkje, meie gjin ûnderskied meitsje tusken homo- en heteroseksuele minsken. Dat hat presidint Barack Obama juster by presidinsjeel beslút feroardere. Obama besiket om it kongres safier te krijen dat it wurkjouwers ferbiedt om te diskriminearjen op basis fan seksuele identiteit, mar dêr is in soad wjerstân tsjin. De presidint hat lykwols al it rjocht om easken te stellen oan bedriuwen dy’t foar de oerheid wurkje.
Obama is in foarstanner fan it houlik foar minsken fan itselde slachte. Hy hat as presidint ek de homoswijplicht yn it leger ôfskaft. Dy makke it wol mooglik foar homoseksuelen om yn it leger te tsjinjen, mar se mochten net oer harren foarkar prate.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje