Massademonstraasje foar Katalaansk ûnderwiis

juny 15, 2014 00:02 Fernijd

BARCELONA – It Nijs berjochte juster oer de plende demonstraasje foar it behâld fan it Katalaansk as fiertaal op skoallen yn Kataloanië (link). Dy is útrûn op in massademonstraasje. Mear as hûnderttûzen minsken giene sneontejûn de strjitte op om te demonstrearjen foar it behâld fan it ûnderdompelingssysteem dat sokke goede ûnderwiisresultaten opsmyt.

Tsjinstanners fan it systeem wolle dat âlden derfoar kieze kinne dat bern Spaansktalich ûnderwiis folgje. It regear yn Madrid en in Spaanske rjochter jouwe harren gelyk. Yn Kataloanië is it protest grut. De Katalanen binne der benaud foar dat der in groep Spaansktaligen ûntstiet dy’t gjin diel útmakket fan de twatalige mienskip yn Kataloanië. It biedwurd fan de protesten is dêrom: Katalaansktalige skoallen: foar in lân foar elkenien.

Hjirûnder binne wat bylden fan de demonstraasje justerjûn te sjen:

juny 15, 2014 00:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 juny 15, 01:29

    yn Fryslân ûntinkber….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.