Katalanen betelje foar Spaansktalige lessen

juny 26, 2014 10:00

BARCELONA – De Spaanske oanfal op it Katalaanske skoalsysteem giet troch. De Spaanske minister fan ûnderwiis José Ignacio Wert Ortega driget mei in djoere rekken as Kataloanië it Spaansk net ynfiert as fiertaal yn de lessen. No is it Katalaansk noch de fiertaal op skoallen yn Kataloanië.

Wert Ortega seit dat âlden dy’t Spaansktalich ûnderwiis foar harren bern wolle de bern op kosten fan de Spaanske steat nei in Spaansktalige priveeskoalle stjoere meie. De steat sil de kosten dêrnei op Kataloanië ferhelje. It giet dan om goed seistûzen euro yn it jier foar elke learling.

In komplikaasje is dat der yn Kataloanië hielendal gjin Spaansktalige priveeskoallen binne, sa seit de Katalaanske minister fan ûnderwiis Irene Rigau i Oliver. Hja is bang dat it drigemint fan de Spaanske oerheid derta liede sil dat der yn Kataloanië Spaansktalige skoallen oprjochte wurde.

Neffens frou Rigau i Oliver wol de Spaanske steat dat Kataloanië it ûnderwiismodel fan Baskelân oernimt. Dêr binne Spaansktalige, twatalige en Basykstalige skoallen. Hja seit: “Us model is oars. Wy wolle net dat taal ús learlingen ferdielt. Oan ‘e ein fan ús skoallen sjogge wy dat de bern it Spaansk en it Katalaansk beide goed behearskje.”

De Rie fan Steat, it wichtichste advyskolleezje fan it Spaanske regear, is it iens mei frou Rigau i Oliver en hat Wert Ortega frege om syn plannen yn te lûken.

juny 26, 2014 10:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob juny 26, 12:21

    Liket my oan de rjochter om sizzen oft it Katalaansk regear betelje moatte soe foar eat dat een (nasjonale) minister wol. Mar fan in minister dy’t diel útmakket fan’e PP (ultra-nasjonalisten en Francofans) kinst fansels neat oars ferwachtsjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.